Fraachpetear LC 9-9-2016
Yn hert en holle dat skrinende gemis
Aggie van der Meer (rechts) en Marga Claus in het huis van Van der Meer in Bolsward. FOTO’S HOGE NOORDEN/JACOB VAN ESS
De skriuwsters Marga Claus en Aggie van der Meer ferlearen yn 2011 koart nei elkoar harren man. De brieven dy’t se elkoar it jier dêrnei skreaunen, komme ûnder de titel Neiskrift út as kadoboek by Swalk, de jierlikse propaganda-aksje foar it Fryske boek.
Herman, dy’t al hast tsien jier de sykte fan Alzheimer hie, soe der as earste by weifalle. Dêr hiene Aggie, Marga en har man Hans noait oan twifele. Hans en Marga hiene sels al ôfpraat dat se Aggie, as Herman der net mear wie, ris meinimme soene nei harren favorite fakânsjeoard Flylân: koe se wat bekomme fan al dy jierren mantelsoarch.
It kaam oars. Yn de hjerst fan 2010 wiisde in ûndersyk út dat Hans Claus kanker oan de terms hie. Al gau waard dúdlik dat der gjin rêden oan wie. Yn april 2011 ferstoar er op 58-jierrige leeftyd thús yn Easterein. Soan Sicco belle Aggie van der Meer en fertelde it nijs. ,,Aggie begûn te gûlen’’, fertelde er syn mem letter. ,,Dat fûn ik de iennichste passende reaksje.’’
Fiif wike letter belle Aggie van der Meer – mei de har typearjende kombinaasje fan nofterens en emosjonaliteit – Marga Claus. Se sei rjochtút: ,,Marga, Herman is dea.’’ Dêrmei begûn ek foar har in perioade fan rou, mar dan wol ien dêr’t se har al tsien jier op taret hie.
Freonskip
De freonskip tusken de beide skriuwsters wie in oantal jierren earder ûntstien. Marga Claus: ,,Ik hold in lêzing yn Boalsert oer myn boek De heit fan Serafyn. Se siet op de earste rige, ik seach har daliks. Ik tocht: dêr hast dy krityske Aggie van der Meer ek. In pear dagen letter krige ik in kaartsje fan har: se woe wolris mei my prate.’’
Aggie van der Meer reizge mei de bus fan Boalsert nei Wommels en waard dêr oppikt troch Marga Claus. De froulju leine elkoar. Mar dat net allinne. Hans lei Aggie ek, Herman lei Marga en de beide manlju leine elkoar ek. It wie it begjin fan in moaie freonskip.
It tafal woe dat Hans en Marga op it punt stiene om ta te treden ta de roomske tsjerke, wylst Herman en Aggie – dy’t altyd roomsk west hiene – de earste stappen op it paad de tsjerke út krekt set hiene. Stof genôch dus om oer te praten.
Marga Claus: ,,Op papier kinst op in rêstiger manier omgean mei wat der yn sa’n perioade allegear troch dy hinne giet.”
Michael Jackson
Fol bewûndering seagen Hans en Marga hoe’t Aggie hast tsien jier lang de soarch foar har demintearjende man op har naam. Hoe’t se eins noait fuort koe, hoe’t se der hast altyd foar har man wie.
Aggie van der Meer is de earste om dat te relativearjen. ,,Wy hawwe net tsien minne jierren hân. Wy hawwe oant it lêst ek wille hân en mei elkoar lake.’’
Herman – dy’t jierrenlang in hoveniersbedriuw hie yn Boalsert – hie altyd in fleurich man west mei gefoel foar humor. De fleur gie der troch de sykte hieltyd mear ôf, mar syn gefoel foar humor ferlear er net. Yn syn heldere mominten hat er hiel lang noch om syn eigen brike setten laitsje kind.
Aggie van der Meer: ,,Ik wit noch dat wy nei de betinkingstsjinst fan Michael Jackson sieten te sjen. Freget Herman: ‘Hasto hjir ek in taak?’ En eefkes letter: ‘Kinne wy der yn dizze klean sa wol bysitte?’ As ik him dat letter fertelde, lake er om himsels.’’
Aggie seach fan har kant dat de lêste reis fan Hans folle hurder gie as dy fan har Herman. Om’t se hast net by Herman wei koe, hat se yn dy lêste moannen mar in pear kear yn Easterein west. ,,De lêste kear wie in pear wike foar syn dea. Ik wit noch dat wy elkoar yn de keuken oankrûpt ha en dat ik sei: ‘Ik hâld fan dy’. En dat Hans sei: ‘Ik hâld ek fan dy’. Dat wie mienens, it kaam út ‘e grûn fan ús hert.’’
Gaos yn ’e holle
In pear wike nei Hans syn ferstjerren stelde Marga oan Aggie foar om in briefwiksel te begjinnen. ,,Wêrom? Op papier kinst op in rêstiger manier omgean mei wat der yn sa’n perioade allegear troch dy hinne giet. Skriuwe jout rêst. Wat ik ek wol nijsgjirrich fûn, is dat Aggie fan in oare generaasje is. Se koe myn mem wêze.’’
Folle letter pas ûntstie it idee om de brieven geskikt te meitsjen foar publikaasje en se in plakje te jaan yn in lange tradysje fan brieveboeken.
Aggie twifele yn earste ynstânsje oer de briefwiksel. Se fûn it goed dat Marga har in earste brief stjoerde, dêrnei soe se wol sjen wat se die. Aggie: ,,Doe’t ik dy brief lies, tocht ik: dit moat altyd wêze. It is in goede manier om de gaos yn ‘e holle te strukturearjen.’’
Se praten ôf dat se net allinne skriuwe soene oer wat west hie, dat se net yn it rouwen hingjen bliuwe woene. Marga: ,,Wy woene ek nei de takomst sjen, wy moasten fierder mei it libben.’’
Aggie: ,,Wy ha goede herinneringen, wy ha in goede basis. Wy ha beide reden genôch om troch te gean mei it libben.’’
Bern en skriuwen
Bern foarmje sa’n reden. Marga hat der trije, Aggie seis. Like belangryk suver foar de beide froulju wie it skriuwen. Marga: ,,Ik tink dat dat my der foaral trochskuord hat. In pear moanne nei Hans syn ferstjerren bin ik oan in nije roman begûn, Kompleten. Dat wie eins yn opdracht fan Hans. Hy sei: do moatst it libben wer oppakke as ik der net mear bin, do moatst skriuwe.’’
Ek foar Aggie hat it skriuwen holpen om troch te gean. Doe’t Herman noch libbe, gie se alle dagen foardat hy wekker waard fan bêd ôf en makke se in kuier de Gysbert Japicxleane út. Altyd kaam se minsken tsjin, behalve op snein. It brocht har op it idee fan in gedichtesyklus oer de 52 sneinen yn in jier. Dêr is se nei de dea fan Herman fierder mei gien. Doe’t se der 53 hie – se hie har ien ferteld ûntdekte se doe’t it boek al printe wie – binne de fersen bondele ûnder de titel De sneinen, It lân achter it each fan ’e nulle.
Aggie van der Meer: ,,Wy ha goede herinneringen, wy ha in goede basis.”
Roomske blierens
As skriuwster en as persoan binne de beide froulju amper mei elkoar te ferlykjen. Aggie skriuwt poëtysk, har proaza sit fol fantasij en lit him net altyd yn ien kear begripe. Foardat se skriuwster waard wie Aggie van der Meer ûnder oare warber as fredesaktivist en ek tsjintwurdich makket se har yn ynstjoerde stikken noch geregeld drok oer it miljeu, de flechtlingen en oare maatskiplike fraachstikken.
Marga bliuwt yn har skriuwen tichter by de wurklikheid, hat in soberder styl fan skriuwen. De iene kear portrettearret se in flechtling (Oxzana) of pater (De heit fan Serafyn), oare boeken binne foaral autobiografysk, lykas Lytse do en Kompleten. De brieven yn Neiskrift kinne neffens Marga sjoen wurde as ferfolch op dy lêste roman. De skriuwsters steane elk op har eigen manier yn it libben en dat komt yn Neiskrift moai dúdlik nei foaren.
By Marga lizze de troch it protestantisme ynjûne skuldgefoelens en swiersettings gauris op ’e loer. In pear wike nei Hans syn ferstjerren bedarret se yn Grins. ,,Juster gong ik mei freonen nei de megameubelsaak Ikea. Ien kear earder hie ik dêr west, of leaver hast, want Hans en ik makken rjochtsomkeard doe’t wy binnen wiene. Kinst der wol raar fan wurde, sa’n minsken en sa’n spullen. Ik bin der juster mei twa lampkes mar net better weikommen. Yn Afrika stjerre miljoenen minsken fan de honger, yn Noarwegen sjit in psychopaat tsientallen jonge talinten ôf en wêr hâldt Marga har mei dwaande? It hûs opknappe en winkelje by Ikea.’’
Aggie van der Meer ferbynt maatskiplik engaazjemint mei Roomske blierens. Wylst Marga de earste moannen foaral boeken lêst oer lotgenoaten en rou, makket Aggie har drok om maatskiplike misstannen en lêst se histoaryske boeken, lykas Het verhaal van een Duitser fan Sebastian Haffner. Dêryn skriuwt Haffner dat in soad minsken Hitler yn 1930 noch gjin fjoerke jaan soene as se him op ’e dyk tsjin kamen, mar dat se in pear jier letter massaal achter him oanrûnen. ,,Untrêstigjend’’,, fynt Aggie.
Om te ferfolgjen mei: ,,Dat silsto ek wol ha: bist hiel bot fersyld yn in wrâld as dy fan Haffner, stapst der sa wer út om mei skoandochter Marja oer it meitsjen fan trompkoeke te praten en witst neat sinfollers te dwaan as mei al dyn gefoelens nei it tsjerkhôf te rinnen.’’
Soargeleazens
Marga tinkt werom oan hoe’t Hans altyd bealge hat om harren mânske tún op oarder te hâlden. ,,Te min ha ik him kompliminten jûn, foar al dat geskrep. Miskien giet dat sa as je al lang byelkoar binne… Ik soe it no oars dwaan.’’
Aggie freget har ôf oft der ek wat goeds oer soksoarte achteleazens te sizze falt. Dat it yn in relaasje ek in teken fan lykwicht en wis wêzen fan elkoars leafde betsjutte kin. ,,Dat it gelok út en troch wat soargeleazens ha kin, salang ’t alles samar wer opflamje kin, der altyd wer romte is foar ferealens en ferrassingen?’’
Beide skriuwsters tinke mei leafde oan harren jierrenlange houlik werom. Aggie van der Meer fielt noch altyd in ‘skrinende ferealens’ as se oan Herman tinkt. Se is no 89, se giet der fanút dat der nei Herman net in nije leafde mear yn har libben komt, al slút se neat út.
Marga (61) hat sûnt in pear jier in nije relaasje, mei in man dy’t syn partner – krekt as sysels – oan kanker ferlern hat. Yn ien fan de lêste brieven skriuwt se: ,,Weromsjend bin ik bêst wol grutsk op ús beiden, hoe’t wy ús it ôfrûne jier der trochhinne slein ha. Dapper trochgeand, mar mei yn hert en holle altyd dat skrinende gemis.’’
Titel: Neiskrift.
Skriuwers: Marga Claus en Aggie van der Meer.
Utjouwer: Tresoar.
Yn septimber fergees by it keapjen fan in Frysk boek.
Frysk op toernee
Swalk begjint freed mei it jierlikse Boekefeest. Dêr ek is de presintaasje fan Neiskrift. Oant en mei 18 septimber wurde rûnom yn de provinsje literêr/muzikale spektakels holden mei ûnder oaren Marga Claus, Aggie van der Meer, Arjan Hut, Hylke Speerstra en de band Wiebe. Wapper, it aksjeboek foar bern fan Yke Reeder, is yn septimber te keap foar 4,95 euro.