Oer my
Oant 2021 ha ik wurksum west yn it folwoeksenenûnderwiis, by de ôfdieling edukaasje fan it Friesland College, as dosinte basisfeardigens: taal, sosjale en digitale feardigens. Sûnt 2014 joech ik taalûndersteuning oan learlingen út it mbo. Sadwaande ha ik sawol ûnderfining mei groepen as mei yndividuele begelieding. As selsstannige jou ik workshops en lessen autobiografysk skriuwen, en ik begelied minsken dy’t libbensferhalen skriuwe. Sjoch fierder by tabblêd De Skriuwkeamer
Yn 1999 bin ik serieus begûn mei in roman, nei in pear healwize stikjes yn Trotwaer. Yn 2000 kaam Oxzana, ferhaal fan in flechtling út, it boek wie yn trije moanne útferkocht. Ek de twadde printinge wie gau-eftich net mear te krijen. Om’t der plannen wiene foar in oersetting, kaam in folgjende oplage der net mear fan, oant de simmer fan 2010, doe’t der dochs noch in tredde printinge ferskynde, yn de rige ‘best ferkochte boeken’ fan útjouwerij AFUK.
By ‘tafal’ kaam ik yn de kunde mei pater Andringa fan Boalsert. Ik hearde dat de pater Franciscaan 20 jier by de Papoea’s trochbrocht hie, en ek dat er siik wie. As er stjerre soe, wiene syn ferhalen fuort. De heit fan Serafyn kaam út yn 2003.
Boppesteande titels waarden útjouwer Chris ten Kate fan Van Gennep yn Amsterdam yn 2004 oanrekommandearre troch boekhandel De Tille yn Ljouwert. Yn 2005 kaam Oxzana’s vlucht út, yn 2006 De vader van Serafyn, beide yn fertalingen fan Jantsje Post en Oep Elbers. Oxzana’s vlucht is yn 2006 ek noch yn pocketfoarm útkommen, by útjouwerij Muntinga.
Lytse do is in delslach fan 9 moanne swier wêzen, yn sterke relaasje mei natoer, religy en oare kultueren. It boek is skreaun yn deiboekfoarm en beslacht trije generaasjes froulju, Mem Kike, beppe Gitte en dochter Gitte. Der is net besocht om it boek oer te setten.
Bollman & Bollman ferskynde yn 2009. Fiksje, mar wol wer basearre op wierbarde ferhalen. It boek is goed ûntfongen yn de rûnten fan transgenders, de media pakten de tematyk ek geweldich op. Sjoch de filmkes fan Omrop Fryslan: Hea, de K-rûte en Sneons, De reklamekampanje foar Bollman hie in goeien oan Halbe Klynstra fan Kubaard. Dy sette 50 reade pumps rûnom del yn de provinsje: op de Aldehou, op de poaten fan Us mem – de stamboekko yn Ljouwert – op Gysbert Japicx yn Boalsert, de wetterpoarte yn Snits, op hikken en brêgen. Elkenien yn Fryslân wist fan de geheimsinnige pumps, it programma Hea! die tyngje wa’t en wat der efter siet…
Maarten ‘t Hart – de meast ferneamde travestyt fan Nederlân – lies Bollman yn it Frysk en skreau in klinkende oanbefelling oer it boek. Lês fierder by it tabblêd Boeken.
In septimber 2013 kaam Kompleten út. De roman is yn de Fryske Parse oerweldigjend besprutsen en krige yn desimber 2013 al in twadde printinge. Sjoch ek: www.boekfandemoanne.nl.
Dichter-dominicaan Henk Jongerius hat by de presintaasje in prachtige analyse fan it boek jûn. Sawol hy as Pieter Oussoren (Naardense Bijbel) setten har oanbefelling op de achterflap.
De oersetting fan Kompleten is yn jannewaris 2017 útkommen as Completen by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal.
Mariamonologen is myn earste Nederlânsktalige útjefte (2015). Yn it ramt fan it 500-jierrich jubileum fan it Mirakelbyld Maria fan Sânwâlden yn Boalsert gong ik yn petear mei leauwigen oer harren bân mei de himelske Mem. Skreaun yn opdracht fan de Sillige Titus Brandsma Parochy Boalsert. Útjûn by Elikser, Ljouwert.
Neiskrift skreau ik tegearre mei Aggie van der Meer (1927, Boalsert) yn opdracht fan Tresoar. De brieven oer it ferlies fan ús leafsten krigen in plak yn dit Kadoboek foar Swalk, de Fryske boekewike 2016. De parse wie loovjend, de lêzers wiene oandien.
LIBBE komt út yn oktober 2024.
Sjoch fierder by tabblêd Boeken.