Lêzingen

Doe’t yn it jier 2000 myn debút Oxzana útkaam, namen Frederike Kleefstra en Corinne Staal my mei ‘op toernee’ by de bibliotheken lâns. It wie in gedegen fjoerdoop. Sûnt dy tiid fersoargje ik mei in soad wille lêzingen oer myn boeken, mei of sûnder muzikale begelieding. Ik neam groepen as Vrouwen van Nu, Passage, parochy- of gemeentejûnen, humanistysk ferbûn, frijwilligersorganisaasjes, lêsclubs ensfh.
Ik wurk(j)e gear mei: Frederike Kleefstra en Corinne Staal, Rodhan Al-Ghalidi en Piet Kok, Bouke van der Woude e.o., Sânman & Sikke, Ernst Langhout & Johan Keus, Baro Drom (mei Herman Peenstra), It Frysk Saksefoankwartet, Eddy Dykstra, Klaas de Boer, Louiza Saitova… En mei de Fryske skriuwers Aggie van der Meer, Sietse de Vries, Tsjebbe Hettinga, Cornelis van der Wal ensfh.
By Kompleten en Neiskrift brûk ik filmfragminten en in byldpresintaasje.