Tekstredaksje
Elkenien dy’t skriuwt wit it: op in stuit bist blyn foar dyn eigen tekst. Do hast te min ôfstân, sitst boppe-op dyn tekst, kinst foarm en ynhâld net goed mear fan inoar skiede. Op sa’n stuit hast in objektyf each nedich en in korrizjearjend potlead. In bûtensteander sjocht helderder wat der noch better kin yn in tekst.
Fiel jo frij en belje my. Ik help jo graach fierder.
Ûnderfining:
Tekstredaksje fan de Frysktalige meditaasje-cd foar bern, Hjir & No.
Tekstredaksje fan de Frysktalige meditaasje-cd foar folwoeksenen, Hjir & No.
Teksten foar coachingsburo www.verte.nl
Partikuliere redigear-opdrachten, û.m. nei oanlieding fan de kursus Libbensferhalen skriuwe.