• Thússide
  • Oer my
  • Boeken
  • De Skriuwkeamer
    • Lêzingen
    • Tekstredaksje
    • Manuskriptbegelieding
  • Nijs
  • Kolumns
  • Media
  • Kontakt
  • NL
  • Frysk

Yntegraasje fanút it hert

06-02-2018

Ien kear yn ‘e wike komt myn gespreksgroep foar âlderen byelkoar. We drinke kofje en prate oer allerhande ûnderwerpen. Nei oanlieding fan Peaske komt it  petear op it ferskaat oan religieuze feesten en gebrûken. Dat kin hast net oars, want fan de acht oanwêzigen binne twa moslim, ien russysk-ortodoks, twa katolyk, ien belidend en ien ôffallich protestant en ien ateïst.

Stel jo foar: wy lêze in tekst oer de rituelen fan de Islam en komme oan by de alinea oer de besnijenis fan jonkjes. By moslims bart dat mei it sande jier. Abdul hat net folle taal ta syn foldwaan, mar hy weaget it derop. “Net boas wurde?” freget er earst hoeden oan de groep. Nee, hoe soene wy. Elk mei freegje wat er wol. “Okee,” suchtet Abdul ferromme. Jonkjesbesnijdenis ferplichte, famkesbesnijdenis ek?”
“Neffens my stiet yn de Koran net dat famkes besnieën wurde moatte,” seit ien. “En Mohammed hat der ek neat oer sein. Boppedat is it in tige pynlike saak.”
Abdul lûkt oan de skouders, as wol er sizze: tja, dat is it by jonkjes ek.
Ortodokse Georg freget him ôf oft famkesbesnijenis miskien itselde is as defloratie.Hy grypt nei it wurdboek, mar komt der net út wat soks yn ús taal is. Al analysearjend (florearje is bloeie, defloarearje: útbloeid?) en mei de needsaaklike gebaren komme we út op ‘ontmaagden’.  Nee, frouljusbesnijenis is net itselde as ontmaagden.
Wêrom’t dan dochs slim is, hâldt myn moslim út. Hy wit it wier net. “Wa kin omskriuwe wêrom besnijenis by in jonkje minder yngripend is as by in famke?” freegje ik.
Myn rjocht foar de raap ateïst út it Amsterdamse jout útkomst. Earst moat er kwyt dat ek jongesbesnijenis neat is, want wêrom soest it spul mear lucht jaan? Mar famkesbesnijenis?  In griis! “Jo snije alle gefoel fuort,” beslút er resolút.
In gouden omskriuwing. Wy werhelje syn wurden stadich foar Abdul. Dat is it ferskil, ja. In jonge hâldt nei de yngreep it gefoel, in famke de pine. Abdul begrypt it. Nee, dan kin it net goed wêze. En wy wurde betanke foar de útlis.
Wiere yntegraasje hat alles te krijen mei feiligens, betink ik ûnderweis net hûs. As ien him aksepteard fielt is gjin fraach te pynlik om te stellen. Yntegraasje giet fia it hert, net fia de wet en de regels…

 

 

© 2023 Marga Claus
Deze website gebruikt cookies om uw ervaring te verbeteren. We nemen aan dat u hiermee akkoord gaat als u verder gebruik maakt van de website.

Accepteren Lees meer
Privacy & Cookie beleid

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Always Enabled
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
SAVE & ACCEPT