Yntegraasje fanút it hert
Ien kear yn ‘e wike komt myn gespreksgroep foar âlderen byelkoar. We drinke kofje en prate oer allerhande ûnderwerpen. Nei oanlieding fan Peaske komt it petear op it ferskaat oan religieuze feesten en gebrûken. Dat kin hast net oars, want fan de acht oanwêzigen binne twa moslim, ien russysk-ortodoks, twa katolyk, ien belidend en ien ôffallich protestant en ien ateïst.
Stel jo foar: wy lêze in tekst oer de rituelen fan de Islam en komme oan by de alinea oer de besnijenis fan jonkjes. By moslims bart dat mei it sande jier. Abdul hat net folle taal ta syn foldwaan, mar hy weaget it derop. “Net boas wurde?” freget er earst hoeden oan de groep. Nee, hoe soene wy. Elk mei freegje wat er wol. “Okee,” suchtet Abdul ferromme. Jonkjesbesnijdenis ferplichte, famkesbesnijdenis ek?”
“Neffens my stiet yn de Koran net dat famkes besnieën wurde moatte,” seit ien. “En Mohammed hat der ek neat oer sein. Boppedat is it in tige pynlike saak.”
Abdul lûkt oan de skouders, as wol er sizze: tja, dat is it by jonkjes ek.
Ortodokse Georg freget him ôf oft famkesbesnijenis miskien itselde is as defloratie.Hy grypt nei it wurdboek, mar komt der net út wat soks yn ús taal is. Al analysearjend (florearje is bloeie, defloarearje: útbloeid?) en mei de needsaaklike gebaren komme we út op ‘ontmaagden’. Nee, frouljusbesnijenis is net itselde as ontmaagden.
Wêrom’t dan dochs slim is, hâldt myn moslim út. Hy wit it wier net. “Wa kin omskriuwe wêrom besnijenis by in jonkje minder yngripend is as by in famke?” freegje ik.
Myn rjocht foar de raap ateïst út it Amsterdamse jout útkomst. Earst moat er kwyt dat ek jongesbesnijenis neat is, want wêrom soest it spul mear lucht jaan? Mar famkesbesnijenis? In griis! “Jo snije alle gefoel fuort,” beslút er resolút.
In gouden omskriuwing. Wy werhelje syn wurden stadich foar Abdul. Dat is it ferskil, ja. In jonge hâldt nei de yngreep it gefoel, in famke de pine. Abdul begrypt it. Nee, dan kin it net goed wêze. En wy wurde betanke foar de útlis.
Wiere yntegraasje hat alles te krijen mei feiligens, betink ik ûnderweis net hûs. As ien him aksepteard fielt is gjin fraach te pynlik om te stellen. Yntegraasje giet fia it hert, net fia de wet en de regels…