• Thússide
  • Oer my
  • Boeken
  • De Skriuwkeamer
    • Lêzingen
    • Tekstredaksje
    • Manuskriptbegelieding
  • Nijs
  • Kolumns
  • Media
  • Kontakt
  • NL
  • Frysk

SAAI

06-02-2018

Dat wie my in konsternaasje, lesten op dy winterse gemeentejûn earne yn Fryslân. Sitte de tsjerklik meilibjenden allegear oan in fredich bakje treast, giet der samar ien stean dy’t fûtert: ‘It is alle sneinen itselde ferhaal, ik fyn it hjir mar in saaie boel.’ En ja hear, de ûnfrede komt troch alles en elkenien: it tiidstip (te ier), de temperatuer yn it gebou (te kâld), de ynhâld (te âlderwets) en fansels de foargongers (te… krekt: te sàài). Guon ferslokke har hast yn ‘e thee, oaren sjogge sjeneard foardel of knikke krekt ynstimmend.

Yn it midden littend oft de opstanneling gelyk hat of net, de útlitting liet my dalik tinke oan ‘ús’ Jan Pieter Janzen silger, ien fan myn ynspirators op it skriuwmêd en – sa’t elk grif wit – einredakteur fan de foarrinner fan de MOanne: Trotwaer. Jan Pieter fertelde ris dat de mem fan in learling him tabetroude: ‘Myn dochter fynt it sà fantàstys by jo yn ‘e klasse.’ Syn freegjende eagen sjend, foege se der fleurich oan ta: ‘Ja, want jo binne sa lekker saai!’ Ik hear Jan Pieter noch gnyskjen om syn eigen anekdoate. Hy wie grutsk op dat geweldige komplimint. Yn tiden dat leararen net wisten wat te betinken om it de learlingen nei it sin te meitsjen en de skoalle byelkoar hong fan leukichheden, bleau Jan Pieter himsels, bea er de jongelju rêst, fertrouwen en benammen: struktuer. Saai? Ja! Hearlik.

Sels moat ik it ha fan saaiheid. Ik yt alle moarnen it leafst deselde yoghurt mei muesly, ha al 35 jier deselde kleuren yn ‘e hûs en bin dagen fan slach as in âlde raffelige stoel ferfongen wurde moat troch in nagelnij eksimplaar. No ja, miskien is dat net in kwestje fan saaiheid, mar mear in autistysk trekje…

Yn myn groepen Libbensferhalen skriuwen is de learfraach fan de measte dielnimmers dat se minder ‘saai’ skriuwe wolle. Ommers, wa’t skriuwt wol lêzen wurde. Je skriuwe net foar Jan mei de koarte achternamme, mar foar je bern of bernsbern dy’t anno 2015 flitsend libje, sûnder grinzen en beheiningen yn tiid of plak. Meastal is nei in pear lessen de saaiheidseangst folslein ferdwûn. It geheim? Op ‘e nij leare de sintugen iepen te setten en fanút oare perspektiven nei dyn eigen erfaringen sjen. Foar spannende ferhalen hoechst gjin eksoatyske oarden te bereizgjen, in baan by de ôfdieling moardsaken fan de resjerzje te hawwen of enervearjende dates oan te gean… Mei oare eagen sjen nei wat der al is, is genôch.

Sa is it – weromkommend op boppeneamde ôffallige – net ûntinkber dat de typearring ‘saai’ foar tsjerke en leauwe mear seit oer de persoan sels as oer de saak dy’t bekritisearre wurdt. Ommers, gjin Kryst, gjin Peaske, gjin sneon of snein is itselde, fanwege it simpele gegeven dat wy sèls yn beweging binne. Meist hoopje.

‘Saai’ is foar my IT wurd foar 2015. Yn de foarspelberens, de ientoanichheid, it net boeiende… dêr sitte de romte, de tiid en de kreative kânsen.

© 2023 Marga Claus
Deze website gebruikt cookies om uw ervaring te verbeteren. We nemen aan dat u hiermee akkoord gaat als u verder gebruik maakt van de website.

Accepteren Lees meer
Privacy & Cookie beleid

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Always Enabled
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
SAVE & ACCEPT