• Thússide
  • Oer my
  • Boeken
  • De Skriuwkeamer
    • Lêzingen
    • Tekstredaksje
    • Manuskriptbegelieding
  • Nijs
  • Kolumns
  • Media
  • Kontakt
  • NL
  • Frysk

De Fryske skriuwer as jildwolf

06-02-2018

Der is wat dêr’t ik slim argewaasje oer ha. Dat ik woe der mar ris in kollum oan weagje, op it gefaar ôf foar jildwolf fersliten te wurden. No en dan giet thús de telefoan mei it fersyk oft ik in lêzing hâlde wol oer myn romans.

De beller is entûsjast, wennet al of net yn de buert, hat ien of beide boeken lêzen en fynt dat der op de Passage of in oare ferieningsjûn oandacht oan bestege wurde moat. Wy prate in pypfol, prikke in datum en dan komt de hamfraach: O jaaa, wat freegje jo eins foar sa’n jûn? Skruten neam ik in bedrach dêr’t in timmerman it putsje net foar opknappe soe. It wurdt aaklige stil oan de oare kant fan de line. Ik mien de gedachten te lêzen: dat doart wol te freegjen. Dat skriuwt boeken oer flechtlingen en oare minderheden en strykt sels it jild op.
Mei tsjinsin begjin ik mysels skjin te praten. Dat se fia Schrijver School & Samenleving mear as twa kear it bedrach kwyt binne. Dat Grutte Fryske Skriuwers miskien wol trije kear safolle freegje. Dat hast de helte fan it bedrach belestingfoer is en dat ik boppedat lytse poepkes oermeitsje nei Papûa’s of ferdwaalde flechtlingen. Moat ik mysels weismite? Minsken, skriuwen is in fak, sa’t timmerjen in fak is! Wylst de ferieningsgonger op fiere strannen it jild opmakket, sit ik alle frije mominten te harsensskraabjen foar it byldskerm, bliid dat ik mei it bedrach fan dy luzige royaltys papier, printerinket en it ferwaarmjen fan de skriuwkeamer derút ha. Watte? Do leist der jild op ta ast dyn boeken yn de twadde rykstaal skriuwst! Mei in fariaasje op de útspraak fan in Turkse skriuwer sis ik: Frysk skriuwe yn Nederlân is itselde as meidwaan oan de paralympics! Mar in hantsjefol minsken nimt de muoite en bûch him oer in Frysk boek en dan ha ik persoanlik net iens te kleien!
Ho. Ik begjin my op te winen en dat moat ik net dwaan. Want dy beller hat hjir neat mei te krijen. Dy moat gewoan op oangename wize in jûntsje fold ha. De ferieningspot is lyts, want de kontribúsje leech. Leden jouwe it jild leaver út oan oar fermaak. Undertusken ha ik de oplossing ek: tenei lis ik neat mear út, ik stjoer gewoan dit stikje op.

© 2023 Marga Claus
Deze website gebruikt cookies om uw ervaring te verbeteren. We nemen aan dat u hiermee akkoord gaat als u verder gebruik maakt van de website.

Accepteren Lees meer
Privacy & Cookie beleid

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Always Enabled
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
SAVE & ACCEPT