• Thússide
  • Oer my
  • Boeken
  • De Skriuwkeamer
    • Lêzingen
    • Tekstredaksje
    • Manuskriptbegelieding
  • Nijs
  • Kolumns
  • Media
  • Kontakt
  • NL
  • Frysk

Binne jo al neurolinguïstysk programearre?

06-02-2018

It skynt dat de gedachten fan minsken oer harsels foar 90% negatyf binne. Dêrom soe it net gek wêze en folgje ris in training NLP. Doch ik ek. NLP is hot, benammen yn it nije ûnderwiis dêr’t it minder oankomt op kennisoerdracht as op begelieden fan learlingen. NLP stiet foar Neuro Linguïstysk Programmearjen, in samling oan techniken oerwaaid út de VS. Mei NLP learst troch middel fan taal dyn gedachten te beynfloedzjen, om ta selsynsicht en persoanlike feroaring te kommen. Dit soe liede ta effektiver kommunisearjen. Simpelsein: NLP leart minsken better mei harsels en mei oaren om te gean. Halssaak yn ûnderwiis en yn de relaasje tusken âlders en bern. Halssaak yn de hjoeddeistige wrâld.

In praktysk foarbyld. Do wolst fan it smoken ôf. It is dy de earste trije wiken fan dit nije jier goed slagge, mar owee, juster bist wer de fout yngien. NLP leart: Wa’t echt wat wol, moat syn doel posityf formulearje. Tink noait: ik wol net mear smoke, want dyn senuwstelsel ûnthâldt gjin ûntkenningen! Tink dêrom: ik wol stopje mei smoken. En it sil dy slagje.

Taal en kommunikaasje binne de kaaiwurden by NLP. Kommunisearje dogge wy mei wurden en dat pakt faak ferkeard út. Brûke we dan de taal net goed? Nee, seit de NLP-trainer. En hy leart ús de technyk fan it ôfstimmen. Wy hearre dat wurden mar 7% fan it hiele kommunikaasjeproses útmeitsje. De rest is lichemstaal: de hâlding dy’tst oannimst yn it begjin fan in petear (55%) de toan wêrop ast praatst, it tempo en de lûdssterkte. Minsken hâlde fan natuere fan lju dy’t binne as harsels. In iepen doar, mar kom der mar ris op om dat te brûken. Reagearrest fleurich en aktyf op ien dy’t mei in burn-out foar dy hinget, dan slachst de planke finaal mis. It moat oarsom: keart dyn puber dy de rêch ta en sijkt er op fan alles en noch wat om? Doch dan krekt itselde. Spegelje dy oan syn hâlding en toan. Kear him ek de rêch ta en sijk in lekker potsje mei. Ien fan de kursusdielnimmers prebearre it út op in dwerse neikommeling. En o wûnder: foar it earst sûnt trije jier hie se wer in fatsoenlik petear.

Gearfette: NLP is ideaal foar ien dy’t de wrâld feroarje of ferbetterje wol, mar wit dat soks begjint by jinsels. Te begripen dat de metodyk yn de VS úttocht is!

© 2023 Marga Claus
Deze website gebruikt cookies om uw ervaring te verbeteren. We nemen aan dat u hiermee akkoord gaat als u verder gebruik maakt van de website.

Accepteren Lees meer
Privacy & Cookie beleid

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Always Enabled
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
SAVE & ACCEPT