Yussuf
It wie de earste kear dat Yussuf sa lang útfanhûs soe. Soarchsum waard er troch de doar skood, mei spullen foar de slieperij, ferantwurde iten en in hiel soad ekstra krûpkes. Dêrnei liet ús soan syn protterke achter om mei syn freondinne nei Tsjechië ôf te reizgjen. Wy diene ús bêst en rêden ús mei it mantsje dat de nedige muoite hie om te wennen. Hy strúnde troch de keamer, krûpte op ’e bank en fûn doe al gau in plakje achter it lange gerdyn om ús dêrwei mei grutte eagen yn ’e gaten te hâlden. De finsterbank waard syn favorite stek, der koe er de einen, flinters en fûgels bestudearje.
Nei in pear dagen naam ik Yussuf mei nei bûten. Ik die him it beachje om, want hy is nochal beweechlik en ik woe net dat er my ûntkaam. Under de waarme sinne krige ús maat samar it mâle fel oan. Hy makke in pear gystene sprongen, sa ûnferwachts dat it rymke my út ’e hannen skeat. Zoef, fuort wie Yussuf. Ik der dravendewei achteroan. Mei bleate fuotten oer it grintpaad, dat skeat net op. Yussuf – sa lyts as er wie – koe hurder. Ungerêst rôp ik syn namme. Achter yn ús djippe tún kommen seach ik oare kant de feart wat oer it sportfjild draven, in read rymke giseljend der achteroan. It hert stie my stil. Wie dat opdonderke de feart oer sprongen? Dat koe net. ‘Yussuf, Yussuf,’ kriet ik, no heal yn panyk. Doe hearde ik in plûns en tocht dat ik it bestoar. Ik stie op ’e punt fan ús hiem. Rûnom wetter en foaral: hege brannettels. Moast ik op ’e dolle rûs de feart yn om Yussuf te rêden? Ja fansels, mar ik stie net te springen. Doe ritsele der wat en ferskynde tusken brannettels en kleefkrûd in kattekopke. Grien fan it kroas, hertsjekloptriljend, folslein yn shock. Ik bûgde my en tilde it wiete begrypke op. Fermanjend spriek ik Yussuf ta. ‘Fei, in moslimkat soe witte moatte dat er net oer it wetter rinne kin.’ Yn de bykeuken sette ik him yn it lavet, sproeide him ôf en wuolle him yn in grut, sacht badlekken. Dêrnei gongen we tegearre yn ’e sinne sitten en pluze ik ien foar ien alle klitten út syn grize facht. Myn soan kin tefreden wêze: ek mei sýn earstling nim ik it beppeskip serieus.