SAAI
Dat wie my in konsternaasje, lesten op dy winterse gemeentejûn earne yn Fryslân. Sitte de tsjerklik meilibjenden allegear oan in fredich bakje treast, giet der samar ien stean dy’t fûtert: ‘It is alle sneinen itselde ferhaal, ik fyn it hjir mar in saaie boel.’ En ja hear, de ûnfrede komt troch alles en elkenien: it tiidstip (te ier), de temperatuer yn it gebou (te kâld), de ynhâld (te âlderwets) en fansels de foargongers (te… krekt: te sàài). Guon ferslokke har hast yn ‘e thee, oaren sjogge sjeneard foardel of knikke krekt ynstimmend.
Yn it midden littend oft de opstanneling gelyk hat of net, de útlitting liet my dalik tinke oan ‘ús’ Jan Pieter Janzen silger, ien fan myn ynspirators op it skriuwmêd en – sa’t elk grif wit – einredakteur fan de foarrinner fan de MOanne: Trotwaer. Jan Pieter fertelde ris dat de mem fan in learling him tabetroude: ‘Myn dochter fynt it sà fantàstys by jo yn ‘e klasse.’ Syn freegjende eagen sjend, foege se der fleurich oan ta: ‘Ja, want jo binne sa lekker saai!’ Ik hear Jan Pieter noch gnyskjen om syn eigen anekdoate. Hy wie grutsk op dat geweldige komplimint. Yn tiden dat leararen net wisten wat te betinken om it de learlingen nei it sin te meitsjen en de skoalle byelkoar hong fan leukichheden, bleau Jan Pieter himsels, bea er de jongelju rêst, fertrouwen en benammen: struktuer. Saai? Ja! Hearlik.
Sels moat ik it ha fan saaiheid. Ik yt alle moarnen it leafst deselde yoghurt mei muesly, ha al 35 jier deselde kleuren yn ‘e hûs en bin dagen fan slach as in âlde raffelige stoel ferfongen wurde moat troch in nagelnij eksimplaar. No ja, miskien is dat net in kwestje fan saaiheid, mar mear in autistysk trekje…
Yn myn groepen Libbensferhalen skriuwen is de learfraach fan de measte dielnimmers dat se minder ‘saai’ skriuwe wolle. Ommers, wa’t skriuwt wol lêzen wurde. Je skriuwe net foar Jan mei de koarte achternamme, mar foar je bern of bernsbern dy’t anno 2015 flitsend libje, sûnder grinzen en beheiningen yn tiid of plak. Meastal is nei in pear lessen de saaiheidseangst folslein ferdwûn. It geheim? Op ‘e nij leare de sintugen iepen te setten en fanút oare perspektiven nei dyn eigen erfaringen sjen. Foar spannende ferhalen hoechst gjin eksoatyske oarden te bereizgjen, in baan by de ôfdieling moardsaken fan de resjerzje te hawwen of enervearjende dates oan te gean… Mei oare eagen sjen nei wat der al is, is genôch.
Sa is it – weromkommend op boppeneamde ôffallige – net ûntinkber dat de typearring ‘saai’ foar tsjerke en leauwe mear seit oer de persoan sels as oer de saak dy’t bekritisearre wurdt. Ommers, gjin Kryst, gjin Peaske, gjin sneon of snein is itselde, fanwege it simpele gegeven dat wy sèls yn beweging binne. Meist hoopje.
‘Saai’ is foar my IT wurd foar 2015. Yn de foarspelberens, de ientoanichheid, it net boeiende… dêr sitte de romte, de tiid en de kreative kânsen.