Boeken
-
LIBBE
Gryte bewûnderet de fysike en mentale sûnens fan har heit, de fleurige en dissiplinearre njoggentich-plusser Libbe Jongstra: hy sport, hat in breed sosjaal netwurk, is aktyf mei sinjouwing dwaande en hat de toutsjes sels yn hannen. De geuzenamme Kracht, dy’t er as skoaljonge fan syn maten krige, hat grif in foarteken west. It moat wenne...
Lês mear -
Kompleten
Healwei de tweintichste ieu is der yn in Braziliaanske melaatskenkoloanje sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen, mei dêrby fleskes miswyn dy’t spontaan oerrinne, en slim sike minsken dy’t ynienen genêzen binne. De nuchtere Boalserter pater Rogatus Hoogma besiket dat mystearje te befetsjen, mar Rome wol der gjin praat fan hawwe. Anno 2010 lûkt in Fryske skriuwster har...
Lês mear -
De heit fan Serafyn
Is it ropping of sucht nei aventoer? Yn 1962 lit de jonge Franciscaan Gerhard it kleaster achter him om yn de eardere Nederlânske koloany Nij-Guinea it bestean te dielen mei de Papûa’s. It wurdt de moaiste èn de swierste tiid fan syn libben. Tweintich jier lang wennet er by de Ekkarys, in stam yn de...
Lês mear -
Lytse do
As har dochter ûnbedoeld swier rekket, hâldt Kike in deiboek by. Mei oandacht observearret se de inerlike en uterlike groei fan in jonge frou dy’t har opfolget yn it trochjaan fan nij libben. Tagelyk leit se fêst wat dy ûnderwachte nije diminsje by harsels teweech bringt. tongersdei 1 jannewaris 2004: It universum liket him te...
Lês mear -
Bollman & Bollman
As Yasper Bollman yn de syktewet bedarret en alle tiid hat om nei te tinken, spylje âlde fragen op dêr’t er mar gjin antwurd op krijt. Wêrom hat er dy frjemde oanstriid, wêr komt it wei? As er kollega Alide syn geheim tabetrout, is dat de earste stap op in nije wei. Mar oft dat in wei fan befrijing wurdt...
Lês mear -
Oxzana, ferhaal fan in flechtling
De Oekraynske studinte yn de mikrobiology Oxzana hat fan har kommunistyske heit meikrigen dat je better net mei bûtenlanners omgean kinne. Dochs fynt se, op de universiteit fan Kiev, yn de Afghaanske filosofystudint Ghalil har grutte leafde. It is 1981, de tiid dat sovjetsoldaten yn Afghanistan oarder op saken besykje te stellen. Dat makket de...
Lês mear -
Mariamonologen
In aanloop op het vijfhonderd jarig jubileum van Maria van Sevenwouden schrijft de bekende Friese auteur Marga Claus Mariaverhalen aan de hand van door haar gehouden interviews. Lees meer.
Lês mear -
Neiskrift
Kadoboek yn it ramt fan SWALK 2016 Aggie van der Meer (1927) en ik (1955) ferlearen yn 2011 mei 5 wiken tuskentiid ús beider partner. We makken de ôfspraak om inoar in jier lang brieven te skriuwen, oer it gemis en oer hoe’t wy besochten de tried wer op te pakken. Sa lizze hijr 32...
Lês mear