Resinsint Jelle van der Meulen oer LIBBE
By de presintaasje fan de nije roman fan Marga Claus: Libbe (10 oktober 2024) Jelle van de Meulen
Foar’t ik wat oer Libbe sizze sil, de nije roman fan Marga Claus dy’t fan ’e jûn presintearre wurdt, wol ik it efkes ha oer earder wurk fan har. Yn 2000 ferskynde de earste roman, Oxzana, ferhaal fan ín flechtling. De Oekraynske Oxzana trout mei de Afgaanske Ghalil en giet nei in pear jier mei man en bern nei Afganistan. Ghalil stjert dêr tidens de boargeroarloch, Oxzana flechtet mei har trije bern út Afganistan en komt telâne yn in asylsikerssintrum yn Fryslân.
Yn it begjin fan de roman koe ik net sa goed oer Oxzana dy’t my alles fierstente wiidweidich fertelde. Healwei de roman waard ik lykwols meisleept troch it ferhaal en by eintsjebeslút fûn ik it in prachtboek. Dat komt mei troch de opbou fan de roman. It ferhaal wurdt gronologysk ferteld, mar wurdt hieltyd ûnderbrutsen troch kursyf printe fragmintsjes. Dêryn jout Oxzana kommentaar op wat bard is. De noflik lêsbere styl fan Marga Claus en de fernimstige konstruksje fan de roman meitsje de dramatyske foarfallen noch ymposanter.
In selde raffinemint sit yn it twadde boek fan Marga Claus, De heit fan Serafyn út 2003, mar op in oare manier ek yn de tredde roman Lytse do út 2006. Yn Lytse do rjochtet de ik-persoan, Kike, har yn deiboekfoarm ta de noch net berne baby fan har dochter. It boek lit sjen hoe’t ferskate generaasjes froulju yn Kike har famylje omgean mei wichtige saken fan it libben. De skriuwster hat sûnder mis in soad autobiografyske gegevens yn dit boek ferwurke, mar hat goed ôfstân nommen en de goede toan fûn, wat in yntinse roman opsmyt.
Ik slach wer in boek oer, Bollman & Bollman út 2009 en kom by de roman Kompleten út 2013, oer in skriuwster út Fryslân, dy’t har foar acht dagen weromlûkt yn in kleaster yn Seelân. In wichtich doel fan dy retrête is om de brieven te lêzen fan in pater dy’t fyftich jier earder yn Brazilië te krijen hie mei Mariaferskinings.
De lêzer folget de protestantsk opgroeide haadpersoan by de katolike rituelen, lêst oer de susters yn it kleaster en oer de oare gasten. Mar neist it kleasterferhaal en de brieven fan de pater is der noch in tredde tried yn it boek: hieltyd opdûkende lytse fragminten, yn koarte sintsjes en kursyf printe, dêr’t ynearsten de funksje fan ûndúdlik is, mar dy’t it oangripende ferhaal blike te wêzen fan wat der nei it weromkommen út it kleaster bard is.
Wat Marga Claus foar my in ynteressante skriuwer makket, is net sasear it betinken fan in goed ferhaal. Want se betinkt, leau ik, net safolle. Ja, in goede plot en fierder makket se gebrûk fan besteande dramatyske foarfallen en hellet ynspiraasje út har eigen libben. En wat se dêrmei docht, twingt bewûndering ôf. Op kreative wize wit se dy besteande ferhalen ta in roman te meitsjen dêr’t wichtige saken yn it libben fan minsken op in nijsgjirrige wize ferteld wurde.
Lês it nije boek fan Marga Claus mar ris. Dy roman giet oer – ja, wêr giet dy roman eins oer? Fansels, it boek hjit Libbe, dus it is it maklikst om te sizzen dat de roman giet oer Libbe. Libbe Jongstra om krekt te wêzen, 92 jier âld en âld-kassier by in bank. Op de earste side fan it boek krijt dochter Gryte in telefoantsje fan de buorfrou fan Libbe. It is de earste moandei fan desimber en it is tolve oere mddeis.
De skriuwster fertelt dat op dizze wize yn de twadde sin fan it boek: “Bûtendoar loeit it rudimintêr orgaan út de Kâlde Oarloch – trije kear acht glissando’s fan formaat.” It seit fuort ek wat oer de skriuwstyl fan de auteur, sa’t dy hiele earste side fuort al in geniet is om te lêzen. Dochter Gryte wennet sûnt in jier net mear yn itselde doarp as Libbe. Dus de buorfrou fan Libbe tinkt ek wat om de âldman. En op dizze earste moandei fan desimber bliuwe oerdeis de gerdinen ticht en docht Libbe de doar net iepen as buorfrou oanbellet.
Gryte reagearret net hiel rap, se moat har noch omklaaie, om’t se oan it sporten wie. Boppedat wie der de lêste tiid wol faker falsk alarm, meastentiids feroarsake trochdat Libbe net hiel goed omgean kin mei de moderne kommunikaasjemiddels. Mar as buorfrou nochris bellet, wurdt Gryte dochs ûngerêst. Se kin lykwols net fuortendaliks yn de auto stappe, want de autoruten binne beferzen.
As jimme no tinke: abbesearje dochs ris in bytsje, wat is der no mei Libbe oan ‘e hân – moat ik sizze: net ík fertraagje it ferhaal, dat docht de skriuwster. Want de roman begjint mei it telefoantsje fan buorfrou en wy binne 60 siden fierder oan ‘e ein fan haadstik 10 as Gryte de autoruten skjin skrabbe hat en yn ‘e auto stapt om nei Libbe ta.
Dan is de lêzer ûnderwilens wol aardich wat te witten kommen oer Libbe, mar ek oer dochter Gryte dy’t sûnt koart fan har pensjoen genietet, nei fjirtich jier yn it ûnderwiis wurke te hawwen. Gryte fertelt it ferhaal yn de ik-persoan. It is dus ek hielendal net raar om te sizzen dat Gryte ek de haadpersoan is yn dit boek en dat de roman dus in ferhaal is fan heit en dochter.
De tinzen fan Gryte geane yn it boek gauris werom nei it ferline, oanjûn troch in kursyf printe earste sintsje fan in alinea. Sa’n weromsjen smyt behoarlike tiidfertraging op en it is it fakmanskip fan Marga Claus dat se dy stikken út it ferline hieltyd op logyske wize troch it ferhaal wit te frisseljen.
Bygelyks: yn it begjin fan it boek fertelt Gryte yn in grutte flashback hoe’t sy de deistige gymnastykoefeningen fan har dan goed njoggentichjierrige heit filmet. Tuskentroch tinkt Gryte werom oan it ferstjerren fan har mem. Dizze flashback yn in flashback soe samar too much oerkomme kinne, mar dat is net sa, om’t it hiel natuerlik oanfielt. Boppedat makket de nochter realistyske útlis fan de gymnastykoefeningen troch Libbe it ferhaal dêr oandwaanlik en humoristysk tagelyk.
Noch net sa lang hat Gryte in nije leafde, Fleur, by wa’t se ynlûkt. Dat is dan ek de reden dat se net mear yn it doarp fan Libbe wennet. Fleur jout skriuwkursussen en skriuwt sels ek in boek. Mar Fleur fertelt noait oer wat se ûnder hannen hat en Gryte wit dus net wêr’t Fleur oer skriuwt. Op in stuit freget Gryte wol oft it autobiografysk is. It antwurd: “Foar in part.”
As Gryte in bytsje trochfreget, seit Fleur: “It tema ha ik foar de geast, en de measte sênes binne sa goed as ôf. [. . .] Wat ûntbruts wie de reade line. Ik socht nei in trochgeande tekst dêr’t de lêzer op weromfalle kin, dy’t him troch it boek skuort.” Al fertellend wurdt Fleur hieltyd entûsjaster en se giet fierder mei: “Salang’t de lêzer benijd is wêr’t er útkomme sil, kinst dy alle sprongen yn de takomst of ferline permittearje.”
Dêrnei springt Gryte mei har gedachten goed njoggentich jier werom, nei It Amelân dêr’t Libbe op 8 maaie 1925 berne is. Dizze passaazje, earne healwei it boek, wie foar my oanlieding om te tinken dat it boek miskien wol net allinne oer de skiednis fan Libbe en Gryte giet, mar dat der noch in ûnderlizzende laach is. Giet dit nije boek net ek oer it skriuwen fan in boek, in autobiografysk boek? Dit boek?
En ik kin sûnder alles fuort te jaan bêst ferklappe dat de lêste haadstikken, ynklusyf de ‘Ferantwurding’, it ‘Neiskrift’ en it motto fan de roman út it Bibelboek Preker dêr noch in nijsgjirrige draai oan jouwe. Der is fansels wol mear te sizzen oer dit nije boek fan Marga Claus, mar ik ha ûnderwilens wol genôch trochskimerje litten dat ik in soad wille belibbe ha oan it lêzen fan Libbe, ek al haw ik dat boek noch net iens echt yn hannen hân.