Allinnich
Siet ik fanwegen myn wurk samar oan it krystdiner foar iensume âlderen, oanbean troch it Nationaal Fonds Ouderenhulp. Oan ús tafel wie noch ien plakje frij en wy wiene ta oan it sop doe’t er der oanrinnen kaam. Sytse. Meager, rûngear, mei in trochsichtich flaaksburd à la Trinus Riemersma.
Freonlike fersopen kop, wâlen ûnder de eagen en osa ta oan in sjipsopke. Oft dy stoel noch frij wie, wiisde er. Guon oan de tafel skodhollen hastich fan nee. De smaak fergong harren yn ‘t foar mei it sicht op de snústerige swalker. Mar de man joech him likegoed del, njonken my.
It iten waard net folle mei Sytse. Hy hie gjin tosken yn ’e mûle en krige derom spesjaal pureard iten. It smakke nei neat, sei er. Hy hâlde mear fan bier en sigaretten. Thús iet er allinne mar sacht seane aaikes en út en troch in stamppotsje fan tafeltje-dekje. Alle oare iten mitere er foar de einen.
Oft in gebit in idee wie, frege ik hoeden. Sytse lake it glêde kakemint bleat. “Ik ha wol fiif fan dy kringen, mar se foldogge my net. No ja, de lêste brûkt de kat op’t heden.”
“De kat?!” frege syn oare buorfrou mei ôfgriis.
“Ja,” lake Sytse, “as frettersbakje.”
Hy fûn it in gesellige jûn. Wie er werris tusken de minsken. Seach er nochris ien. No en dan rûn er even nei de hal om in sigretsje te smoken en in ekstra bierke by de bar te heljen.
Doe’t er wer siet sei er ynienen: “Ik ha wol in pear hûndert lammen. Omrop Fryslân hat se fan ’e wike filme, mar de helte die it net.”
Ik wachte oant Sytse de mûle leech hie en frege wêr’t it fee dan rûn en wêrom’t de helte “it” net dien hie. It die bliken dat er de ‘p’ yn it wurd fergetten wie. Likegoed siet er noch yn in see fan ljocht.
“Dan fiel ik my net sa allinnich,” sei er. “Ja, ik ha wol in freondinne, mar dy is fuort.”
De iterij wie ôfrûn, guon âlde minsken moasten nedich nei hûs.
“Wat dei is ’t hjoed,” frege Sytse, doe’t er ek oerein soe. “Binne de winkels moarn wol iepen?”
Ik moast him teloarstelle. Moarn wie it kryst. Der kamen djippe tearen yn syn foarholle. Doe ljochte it gesicht ynienen op. Hy suchte ferromme.
“Gelokkich ha’k hjoed noch in kretsje bier ynslein. No mar hoopje dat der gjinien komt.”