LIBBE
Gryte bewûnderet de fysike en mentale sûnens fan har heit, de fleurige en dissiplinearre njoggentich-plusser Libbe Jongstra: hy sport, hat in breed sosjaal netwurk, is aktyf mei sinjouwing dwaande en hat de toutsjes sels yn hannen. De geuzenamme Kracht, dy’t er as skoaljonge fan syn maten krige, hat grif in foarteken west.
It moat wenne dat se net mear yn itselde doarp wenje, benammen as op in winterske dei de telefoan giet en de buorfrou fan Libbe meldt dat er de foardoar net iependocht…
Hy is de fitale fariant fan de romanpersonaazje Hendrik Groen, tahâldend yn syn persoanlike ‘blue zone’, dêr’t minsken langer, sûner en gelokkiger libje. dêr’t in bûtengewoan heech persintaazje de hûndert hellet en it leechste persintaaazje oan stjergefallen op middelbere leeftiid foarkomt. ‘Libbe Blau’ soest him neame kinne, syn blauwe plakken yndachtich. Ik naam de bestseller fan Groen foar Libbe mei, mar alle kearen as ik by him kaam lei it boek noch op deselde hoeke fan de tafel. (…)
In ferhaal oer manieren fan âld-wurden, oer fergonklikheid en loslitten, en oer de bysûndere bân tusken in heit en in dochter.
Resinsje Friesch Dagblad