• Home
  • Over mij
  • Boeken
  • De Skriuwkeamer
    • Lezingen
    • Kursus/workshop
    • Tekstredactie
    • Manuscriptbegeleiding
  • Nieuws
  • Columns
  • Media
  • Contact
  • NL
  • Frysk

Columns

  • Yussuf

    04-06-2019

    It wie de earste kear dat Yussuf sa lang útfanhûs soe. Soarchsum waard er troch de doar skood, mei spullen foar de slieperij, ferantwurde iten en in hiel soad ekstra krûpkes. Dêrnei liet ús soan syn protterke achter om mei syn freondinne nei Tsjechië ôf te reizgjen. Wy diene ús bêst en rêden ús mei...

    Lees meer
  • Knoffelkryst

    05-06-2018

    Kryst. Myn kop stiet alhiel net nei Kryst. Mei in bytsje gelok skarrelje ik mei de krystdagen wer sûnder hulpstikken troch it libben, bykommend fan in heupoperaasje, mar wis bist noait fan sokke saken. Stikem freegje ik my ôf hoefolle wynglêzen der op it platsje fan in rollator passe, en hoe faak ik dan fan it...

    Lees meer
  • Bala goes Oeganda!

    05-06-2018

    It is al hast hjerst as jo dizze wurden ûnder eagen krije, mar ik sit te skriuwen op in moaie sinnige dei yn july. Soks kin. Yn in kollum mei alles, sa’t de einredakteur oanjoech, salang’t it mar binnen de marzjes fan de wet bliuwt. It hoecht ek net oer de aktualiteit te gean aldergeloks, want...

    Lees meer
  • TAALNEED

    05-06-2018

    Hy is 18 en eins noch in bern, sa’t er mei dat sluten brune snútsje en de swarte tichte krollen oan it begjin fan it skoaljier myn lokaal ynstapt. Docht de mbo-oplieding elektrotechnyk en hat in passy foar dat fak. Grutte plannen foar de takomst. Hy sjocht himsels al as lieder fan in súksesfol bedriuw...

    Lees meer
  • Frijheid fan mieningsutering

    05-06-2018

    Betreft: Piter de Jong Achte (namme fan dosint/coach), Sa’t jo grif NET foar it snotsje ha: ús Piter is hast 14 jier en sjocht net mear nei it zjenre bernefilm. Hy jout de foarkar oan goede aksjefilms en dat sjoch ik persoanlik by in film fan ‘ús Annie’ net sitten. De reden dat hy fan...

    Lees meer
  • SAAI

    05-06-2018

    Dat wie my in konsternaasje, lesten op dy winterse gemeentejûn earne yn Fryslân. Sitte de tsjerklik meilibjenden allegear oan in fredich bakje treast, giet der samar ien stean dy’t fûtert: ‘It is alle sneinen itselde ferhaal, ik fyn it hjir mar in saaie boel.’ En ja hear, de ûnfrede komt troch alles en elkenien: it tiidstip...

    Lees meer
  • TWEET

    05-06-2018

    Ik kom in een lokaaltje waar het woord ophokken zeer toepasselijk is. Twee meiden prikken intensief op hun mobieltje. Eigenlijk zitten ze daar toevallig, want hun streekbus was een halfuur te vroeg. Even later zijn er acht leerlingen, de rest ligt nog in bed. Het is half tien. Ik stel voor dat de dames hun...

    Lees meer
  • Nylgoes

    05-06-2018

    It is gleon, gjin streekje skaad. Ik priizje mysels gelokkich dat it betreklik noflik sitten is op it yngenieuze systeem fan stokjes en seil. Aal hat de stuoltsjes by Bever Buitensport fûn. Ik triuw it gasbrannerke yn it wiete sân en tear it wynskermke der omhinne. Wetter yn it tsjetteltsje, oer trije minuten is der...

    Lees meer
  • Yntegraasje fanút it hert

    05-06-2018

    Ien kear yn ‘e wike komt myn gespreksgroep foar âlderen byelkoar. We drinke kofje en prate oer allerhande ûnderwerpen. Nei oanlieding fan Peaske komt it  petear op it ferskaat oan religieuze feesten en gebrûken. Dat kin hast net oars, want fan de acht oanwêzigen binne twa moslim, ien russysk-ortodoks, twa katolyk, ien belidend en ien...

    Lees meer
  • Allinnich

    05-06-2018

    Siet ik fanwegen myn wurk samar oan it krystdiner foar iensume âlderen, oanbean troch it Nationaal Fonds Ouderenhulp. Oan ús tafel wie noch ien plakje frij en wy wiene ta oan it sop doe’t er der oanrinnen kaam. Sytse. Meager, rûngear, mei in trochsichtich flaaksburd à la Trinus Riemersma. Freonlike fersopen kop, wâlen ûnder de...

    Lees meer
  • De Fryske skriuwer as jildwolf

    05-06-2018

    Der is wat dêr’t ik slim argewaasje oer ha. Dat ik woe der mar ris in kollum oan weagje, op it gefaar ôf foar jildwolf fersliten te wurden. No en dan giet thús de telefoan mei it fersyk oft ik in lêzing hâlde wol oer myn romans. De beller is entûsjast, wennet al of net...

    Lees meer
  • Binne jo al neurolinguïstysk programearre?

    05-06-2018

    It skynt dat de gedachten fan minsken oer harsels foar 90% negatyf binne. Dêrom soe it net gek wêze en folgje ris in training NLP. Doch ik ek. NLP is hot, benammen yn it nije ûnderwiis dêr’t it minder oankomt op kennisoerdracht as op begelieden fan learlingen. NLP stiet foar Neuro Linguïstysk Programmearjen, in samling oan...

    Lees meer
© 2023 Marga Claus
Deze website gebruikt cookies om uw ervaring te verbeteren. We nemen aan dat u hiermee akkoord gaat als u verder gebruik maakt van de website.

Accepteren Lees meer
Privacy & Cookie beleid

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN