Frijheid fan mieningsutering
Betreft: Piter de Jong
Achte (namme fan dosint/coach),
Sa’t jo grif NET foar it snotsje ha: ús Piter is hast 14 jier en sjocht net mear nei it zjenre bernefilm. Hy jout de foarkar oan goede aksjefilms en dat sjoch ik persoanlik by in film fan ‘ús Annie’ net sitten.
De reden dat hy fan my net nei dy film hoecht te sjen:
– de film is te bernich foar syn leeftyd
– de film draait foar in grut part bûten de foar him jildende skoaltiid
– om’t it om in skoalaktiviteit giet, bin ik absolút net fan doel om dêr fiif euri’s foar del te tellen. Sa’n grap ha jim my mei de skoaljûn ek al flikt! Wêrom betelje ik eins in âlderbydrage????????
Om’t ik derfan út gean dat de les, dy’t hy neffens it roaster ha soe, troch de film komt te ferfallen, is Piter wat my oanbelanget regulier frij fan it momint ôf dat syn klasgenoaten nei ‘ús Annie’ geane.
No’t wy it dochs oer myn soan ha, noch even it folgende. Al in moai skoft is der gedonder tusken in groepke jonges, dêr’t Piter by heart, en in groepke famkes út de klasse. It begjint op te fallen dat myn soan faker as ienkear by jo op it matsje roppen wurdt om ferantwurding ôf te lizzen. Dêrby docht bliken dat hy meardere kearen troch itselde famke falsk beskuldige is. Ik ferwachtsje dat jo dêr no einlings ris wat oan dogge, en dat jo de betreffende dame by it earstfolgjende akkefysje stevich oanpakke.
Jo optreden is oant no ta tige swak te neamen. Piter skelle se bytiden alle dagen út foar Harry Potter, en dêr dogge jo hielendal neat oan. Dochs kin dit sjoen wurde as diskriminaasje fan syn fisuele handikap en it is dus wetlik strafber.
Persoanlik fyn ik dat de goede namme fan myn soan yn it geding is en ik sit deroan te tinken om in oanklacht wegens smaad yn te tsjinjen. Ik fyn it net needsaaklik dat Piter hieltyd út de lessen plukt wurdt, omdat jo sa nedich miene dat hy wat dien hat. Hy sit op skoalle om wat te learen en net om nei jo ivige geswam te harkjen.
Noch ien puntsje fan krityk: neffens de skoalregels moat Piter oan korvee dwaan. Dat fyn ik prima, teminsten as hy der foar betelle krijt. Mar sjoen it feit dat dit net it gefal is, hoecht er hjir fan my net oan mei te dwaan. Jim ha dêr persoaniel foar, of net soms?!!
Ik hoopje dat der in sterke ferbettering komt yn jo ‘daadkracht’ en dat myn soan op skoalle dwaan kin dêr’t er foar komt.
Heechachtsjend,
dhr. J. Hokwerda