• Thússide
  • Over mij
  • Boeken
  • De Skriuwkeamer
    • Lezingen
    • Kursus/workshop
    • Tekstredactie
    • Manuscriptbegeleiding
  • Nieuws
  • Columns
  • Media
  • Contact
  • Kursus/workshop
  • NL
  • Frysk

TAALNEED

05-06-2018

Hy is 18 en eins noch in bern, sa’t er mei dat sluten brune snútsje en de swarte tichte krollen oan it begjin fan it skoaljier myn lokaal ynstapt. Docht de mbo-oplieding elektrotechnyk en hat in passy foar dat fak. Grutte plannen foar de takomst. Hy sjocht himsels al as lieder fan in súksesfol bedriuw yn Nederlân, ware het niet dat Roger gjin wurd fan de lânstaal begrypt. Op St. Maarten hat er syn vmbo-diploma helle, yn it Ingelsk. Mei dat papierke yn ‘e bûse is er mei heit op it fleantúch stapt en hat syn broer – dy’t al in skoft yn Nederlân wennet – him der by de intake trochhinne luld. Roger tinkt dat de dosinten allegear wol Ingels tsjin him prate sille – kat in’t bakkie. Mar dat falt ôf. Roger wol hjir wenje, studearje en aanst wurkje? Dan sil er syn bêst op de taal dwaan moatte.

It wurdt suver in striid. Roger syn eagen sjitte fjoer, de earste wiken dat er by my om ekstra taalstipe komt. Hy begrypt neat fan syn stúdzjeboeken, hat amper kontakt mei syn klasgenoaten en derboppe-op ferpof ik it ek nochris om him yn it Ingels yn ‘e mjitte te kommen. By elk wurd wol er my wol oanfleane en alle twaddetaal-materiaal wiist er heechmoedich ôf as ‘too easy’ of ‘I don’t understand that, you know!?’ De taalneed, sa’t wy dat yn faktermen neame, is sa heech as mar kin. En dat is goed. Need is de bêste betingst om in frjemde taal ûnder de knibbel te krijen.

Roger’s coach en ik krije him der’t we him ha wolle: trije kear yn de wike ekstra lessen Inburgering – der’t er ynienen net de minste fan de klasse blykt te wêzen. Want oan it ferstân leit it him net. It binne de dreamen dy’t drigen net út te kommen… En dan giet it ynienen as in spear. Op Roger syn snútsje ferskynt earst in sunige glim en al gau in brede laits. As er it lokaal ynkomt, krij ik net selden in stevige hân (‘Leuk om hier te zijn!’), as er fuort giet hinget er my noch krekt net om de hals fan tankberens. Hy begjint te fertellen. Dat syn heit al lang wer op St. Maarten sit, en dat syn memmy him in koptelefoan stjoerd hat, foar de taallessen, ja. En as ik him yn de groepsapp tafoegje, begjint er te entûsjast te kommunisearjen mei oare learlingen… Yn it Nederlâns.

Mar de grutste beleaning krige ik ferline wike, doe’t ik sels frustreard wie oer de dregens fan it Nederlâns. Hokker idioat yn Den Haach hat betocht dat al dy talintearre faklju foar Nederlâns (en rekkenjen) op havonivo slagje moatte? Lis in Afghaanske jonge fan de koksoplieding nivo 2 marris út wêrom’t we de lekkerste sizze, en dan wer het lekkerst…

‘Wat een rottaal, dat Nederlands’, ûntkomt my spontaan. Wêrop Mahdi – ek út Afghanistan, oplieding metaal – ferheard freget: ‘Waarom zegt u dat, mevrouw?’ En Roger der noch in skepke boppe-op docht mei in tefreden konstatearing: ‘Taal is móói!’ Myn dei kin net mear stikken.

© 2025 Marga Claus
Deze website gebruikt cookies om uw ervaring te verbeteren. We nemen aan dat u hiermee akkoord gaat als u verder gebruik maakt van de website.

Accepteren Lees meer
Privacy & Cookie beleid

Privacy Overview

This website uses cookies to improve your experience while you navigate through the website. Out of these, the cookies that are categorized as necessary are stored on your browser as they are essential for the working of basic functionalities of the website. We also use third-party cookies that help us analyze and understand how you use this website. These cookies will be stored in your browser only with your consent. You also have the option to opt-out of these cookies. But opting out of some of these cookies may affect your browsing experience.
Necessary
Altijd ingeschakeld
Necessary cookies are absolutely essential for the website to function properly. This category only includes cookies that ensures basic functionalities and security features of the website. These cookies do not store any personal information.
Non-necessary
Any cookies that may not be particularly necessary for the website to function and is used specifically to collect user personal data via analytics, ads, other embedded contents are termed as non-necessary cookies. It is mandatory to procure user consent prior to running these cookies on your website.
OPSLAAN & ACCEPTEREN