Nylgoes
It is gleon, gjin streekje skaad. Ik priizje mysels gelokkich dat it betreklik noflik sitten is op it yngenieuze systeem fan stokjes en seil. Aal hat de stuoltsjes by Bever Buitensport fûn. Ik triuw it gasbrannerke yn it wiete sân en tear it wynskermke der omhinne. Wetter yn it tsjetteltsje, oer trije minuten is der kofje – midden yn ’e fûgelstront, dat wol, want it strantsje oan de rjochterigge fan de Isel is it terrein fan grutte keppels Nylguozzen, dy’t lêbich gakjend ôfsetten doe’t wy ús mei de kano oer de skerpe stiennen oan wâl weagen. Ien goes hâldt fierderop de boel noch wat yn ’e gaten.
Niis ha wy foar de safolste kear de tennisbal ynhelle, dy’t ús al in pear dagen beselskippet. As wy oernachtsje op in wettercamping, dobberet it baltsje ûntspannen op de stream fierder, de oare deis farre wy him wer foarby. Juster swom my in kondoom yn ’e mjitte, mei in raffelich útein, fleurich op en del beweegjend.
Aal sjocht him as earste: de bienbitige man mei it sniewite hier en dito rûch lang burd. Hy set al op de wâl ta, ús trochkringend oansjend.
Krammele, seit se. Wa is dat no wer. Sitte we hjir krekt sa lekker.
De man stjoert de kano it strantsje op en set in meagere sandaalskonk yn it wetter. Dan stiet er al njonken de kano, dy’t er fier genôch de wâl oplûkt, bûten it berrik fan de ferneatigjende weagen dy’t it frachtferkear opsmyt.
Gutemorgen, klinkt it. Heiss!
No, ferrekte heiss. It is 35 graden. Wy skeppe ús om it kertier in pet mei rivierwetter op ‘e holle.
It is in Dútser, sis ik alhiel oerstallich. Gutemorgen. Hoelang is it lyn dat ik myn skoalledúts brûkt ha?
Wenn sind Sie abgefahren, freegje ik. Dy sin liket my net ferkeard.
Oho! laket de man. Syn blauwe eagen ljochtsje op yn it brune gesicht. Ich bin am 21sten Mai abgereist. Vom Augsburg. Kennen Sie Augsburg? Der Rhein, Loreley… war sehr gefährlich! Grosse Schiffe vor und hinter, und Welle von alle Seite. Hy wiist nei Aal har nagelnije wetterkaart. Habe keine Karte. Muss ich noch kaufen.
Hy bekloppet de âlde kanfaskano, dy’t oanelkoar hinget mei stikken tape. Fiifenfjirtich jier âld, seit er. Noch út de DDR-tiid. Wy hise ús oerein fan de stuoltsjes om it blauwe optearfaartúch te bewûnderjen. It houten ramt hat er hjir en dêr ferstevige mei latsjes, en wrychtich: achter de punt hinget in stielen roer, dat er mei de foet betsjinnet. Grutsk wiist er op it labeltsje: HFP Haus Fabriziertes Produkt. De houtene peddel is frijwat raffelich. Ûnderweis fergees krigen, dat no hat er syn eigen as reserve tsjin in stange op de achterboech bûn, ûnder it matsje en de sliepsek. Niks wettertichte paksekken fan it merk Ortlieb.
Ik bied in bakje kofje en in mueslireep oan. Fiifensechstich is er wurden, fertelt er, sittend op in fulde plestikpûde. Njoggenentritich jier hurd wurke. Dit wie syn grutte winsk: fan Augsburg nei de Noardsee farre. Normaalwei giet er in wike mei maten it wetter op, sa’t wy no yn trije dagen de Isel ôfsakje. Syn dochter hellet him op as it doel berikt is. Dy wennet yn Dortmund. Dêr sil er op ’e trein, foar twa kaartsjes. Hy gnysket. Opteard nimt de kano it plak yn fan ien persoan, sadwaande.
Hoe swier ’t it boatsje is. Trichtich kilo, seit er. Twa kear myn lichtgewichtkano, tink ik, en sjoch wat beskamme nei myn útrissing. Wêr is de tiid bleaun dat ik alles yn gemeentepûden troppe en tefreden wie mei bami út blik?
As er jûns syn nocht hat, jout er him del njonken de boat. Nee, gjin campings. Yn it foarbyfarren wasket er him dêr inkeld ris. Fannacht gjin wink yn ’e eagen hân fanwegen it swiere waar. Wat in fjoer! Die Hölle auf Erden! Hoecht er ús net te fertellen. Trije oeren lang ha wy – bang as wezelings – de krêft fan de eleminten trochstien, yn ús tintsje fan oardel by twa. Hy skûle rjocht op en del yn in portykje, by it kafee dêr’t er zwei grosse Bier efteroer slein hie. En no siet er niis te sûzeboljen yn ’e kano. Auch sehr gefährlich.
De hint is dúdlik. As er myn kopke leechdrinkt, kinne we fierder en hy sliepe. Hy wol helpe de kano it wetter yn te triuwen, mar dat slagge wy grutsk of. Sa’n skytkanootsje kinne wy sels wol huffe. Wiederseh’n. Farwol
As wy tusken de kribben weimanûvrearje, stiet de Nylgoes ienlik op ’e útkyk. Noch even dan is de kust wer feilich. Ik sjoch noch in kear om. De man stekt in earm omheech. Nee, iensum is er net, sei er. Hy hat de natoer.