Neiskrift
Kadoboek yn it ramt fan SWALK 2016
Aggie van der Meer (1927) en ik (1955) ferlearen yn 2011 mei 5 wiken tuskentiid ús beider partner. We makken de ôfspraak om inoar in jier lang brieven te skriuwen, oer it gemis en oer hoe’t wy besochten de tried wer op te pakken. Sa lizze hijr 32 brieven, de lêste twa skreaun yn desimber 2015, fjouwer jier nei it ingripende barren. Wy binne dan beide yn in oare faze fan ús libben belâne. De brieven geane oer rou en ferlies, freonskip en leafde, gemis en ferwûndering. Oer moed ek, dy’t nedich is om fan in folslein feroare libben dochs wer wat goeds te meitsjen.
Brieven kinne ús libben fergrutsje. Se bringe motiven oan it ljocht en ferdjipje it ûnderlinge begryp. (…) Se feroarje libbens en werskriuwe de skiednis. (sitaat út Ode aan de brief – Simon Garfield (2015)
Aggie van der Meer is ferstoarn op 12 augustus 2023.