TAALNEED
Hy is 18 en eins noch in bern, sa’t er mei dat sluten brune snútsje en de swarte tichte krollen oan it begjin fan it skoaljier myn lokaal ynstapt. Docht de mbo-oplieding elektrotechnyk en hat in passy foar dat fak. Grutte plannen foar de takomst. Hy sjocht himsels al as lieder fan in súksesfol bedriuw yn Nederlân, ware het niet dat Roger gjin wurd fan de lânstaal begrypt. Op St. Maarten hat er syn vmbo-diploma helle, yn it Ingelsk. Mei dat papierke yn ‘e bûse is er mei heit op it fleantúch stapt en hat syn broer – dy’t al in skoft yn Nederlân wennet – him der by de intake trochhinne luld. Roger tinkt dat de dosinten allegear wol Ingels tsjin him prate sille – kat in’t bakkie. Mar dat falt ôf. Roger wol hjir wenje, studearje en aanst wurkje? Dan sil er syn bêst op de taal dwaan moatte.
It wurdt suver in striid. Roger syn eagen sjitte fjoer, de earste wiken dat er by my om ekstra taalstipe komt. Hy begrypt neat fan syn stúdzjeboeken, hat amper kontakt mei syn klasgenoaten en derboppe-op ferpof ik it ek nochris om him yn it Ingels yn ‘e mjitte te kommen. By elk wurd wol er my wol oanfleane en alle twaddetaal-materiaal wiist er heechmoedich ôf as ‘too easy’ of ‘I don’t understand that, you know!?’ De taalneed, sa’t wy dat yn faktermen neame, is sa heech as mar kin. En dat is goed. Need is de bêste betingst om in frjemde taal ûnder de knibbel te krijen.
Roger’s coach en ik krije him der’t we him ha wolle: trije kear yn de wike ekstra lessen Inburgering – der’t er ynienen net de minste fan de klasse blykt te wêzen. Want oan it ferstân leit it him net. It binne de dreamen dy’t drigen net út te kommen… En dan giet it ynienen as in spear. Op Roger syn snútsje ferskynt earst in sunige glim en al gau in brede laits. As er it lokaal ynkomt, krij ik net selden in stevige hân (‘Leuk om hier te zijn!’), as er fuort giet hinget er my noch krekt net om de hals fan tankberens. Hy begjint te fertellen. Dat syn heit al lang wer op St. Maarten sit, en dat syn memmy him in koptelefoan stjoerd hat, foar de taallessen, ja. En as ik him yn de groepsapp tafoegje, begjint er te entûsjast te kommunisearjen mei oare learlingen… Yn it Nederlâns.
Mar de grutste beleaning krige ik ferline wike, doe’t ik sels frustreard wie oer de dregens fan it Nederlâns. Hokker idioat yn Den Haach hat betocht dat al dy talintearre faklju foar Nederlâns (en rekkenjen) op havonivo slagje moatte? Lis in Afghaanske jonge fan de koksoplieding nivo 2 marris út wêrom’t we de lekkerste sizze, en dan wer het lekkerst…
‘Wat een rottaal, dat Nederlands’, ûntkomt my spontaan. Wêrop Mahdi – ek út Afghanistan, oplieding metaal – ferheard freget: ‘Waarom zegt u dat, mevrouw?’ En Roger der noch in skepke boppe-op docht mei in tefreden konstatearing: ‘Taal is móói!’ Myn dei kin net mear stikken.