Knoffelkryst
Kryst. Myn kop stiet alhiel net nei Kryst. Mei in bytsje gelok skarrelje ik mei de krystdagen wer sûnder hulpstikken troch it libben, bykommend fan in heupoperaasje, mar wis bist noait fan sokke saken. Stikem freegje ik my ôf hoefolle wynglêzen der op it platsje fan in rollator passe, en hoe faak ik dan fan it oanrjocht nei de tafel rôlje moat, stel it krystdiner giet troch dit jier. Ik bin bang dat it in knoffelige kryst wurdt.
Fjirtich jier lyn fierde ik Kryst yn it âlde Antoanius fan Snits, yn de tiid dat dêr nonnen mei kapkes omrûnen en der noch Sint foár en gjin nuver kâpke óp de sîkenhûsnâmme stie. Ik fermakke my dêr skoan. Boppedat: alle moarnen wekkermakke wurde mei in kopke tee en in kanielkoekje (al kaam nei dat koekje de thermometer), kom dêr hjoeddedei mar ris om. Wikenlang lei myn linkerskonk dêr fêstklonken oan katrollen mei gewichten en lizzendewei waard it fansels Ald en Nij. Doe wie ik ûndertusken nei Blomkamp transporteard. Dêr rieden se ús op Aldjiersjûn mei alle bêden fan de ôfdieling nei de rekreaasjeromte, dêr’t wy – fier ferwidere fan ús leafsten – wachten op de klok fan 12 oere. Ik wit noch hoe’t de telefyzje en it fjoerwurk de benearjende stilte tebrutsen dy’t hearske doe’t it beladen tydstip dêr wie: guon yn de seal wisten dat it de lêste jierwiksel fan har libben wêze soe, oaren hiene te hearren krigen dat se nea wer selsstannich Kryst of Ald en nij fiere kinne soene. Hoesa ‘folle lok en seine’?
Al mei al wie ik sels de geloksfûgel fan de ôfdieling. Ik mocht in moanne letter de ûnderferdjipping fan it revalidaasjesintrum ûnfeilich meitsje mei myn rolstoel, wat se my net twa kear út hoegden te lizzen. En myn tweintichste jierdei fierde ik foar ien dei thús. Noch sjoch ik ús hûn de oprit ôfjakkerjen, doe’t ik út de auto takele waard. Jankjend en piipjend fan gelok sprong er mei in booch by my op ‘e skurte en slikke my der’t er koe. Hy hie my al opjûn yn syn hûnekop.
Oer dyselde hûn skreau ik yn Blomkamp in ferske: Bijke, bijke, leaf lyts hûntsje, mei dyn sturt draaisto in rûntsje. Hindrik v.d. Meer sette it op muzyk, dyselde wike stjoerde de skoalleradio fan de Omrop it út en skalde it wyske troch de lûdsprekkers fan Blomkamp. Neffens my is it ien fan de bekendste Fryske berneferskes wurden.
Dat hat my op it idee brocht om ek dizze revalidaasjetiid mar wer skeppend en konstruktyf yn te foljen: tusken rek- en strekoefeningen troch ris in kollumke yn elkoar prutse, en fansels fêst neitinke oer it krystdiner. Mei of sûnder rollade/-tor.