Bala goes Oeganda!

It is al hast hjerst as jo dizze wurden ûnder eagen krije, mar ik sit te skriuwen op in moaie sinnige dei yn july. Soks kin. Yn in kollum mei alles, sa’t de einredakteur oanjoech, salang’t it mar binnen de marzjes fan de wet bliuwt. It hoecht ek net oer de aktualiteit te gean aldergeloks, want dan soe ik no myn bûslantearntsje skine litte moatte oer Grikelân, oer 1 jier MH17 of oer de dramatyk fan de boatflechtlingen. Ellinde dêr’t ik neat oan feroarje kin, griist my altyd oan. Folle leaver ha ik it wat oars: oer myn dochter, dy’t as dieltiid-mem mei beide bern foar trije wiken ôfsetten is nei Oeganda.
Ik moat earlik bekenne: ik skiet yn ‘e broek doe’t se ferline jier mei it plan kaam. Oeganda? Wat is dat foar in rimboe dêre, en is it dêr ek gefaarlik? En dan mei twa bern! Yn it fleantúch! In dei fleanen! Ik seach it hiele spul al mei hege koarts ûnder in klamboe lizzen en mei allegear aaklige darmparasieten thúskommen.
Mar as dochterleaf wat yn it kopke hat wol dat mar net nei de kont sakje. Ommers: it giet net om in toeristysk snobbersreiske, yn de kategory ‘Utsjoen-op-Appelskea?-dan-no-mar-nei-Afrika’. Nee, se wol jild bringe nei bern dy’t it minder goed troffen ha as har eigen, sa’t se nei de befalling fan har earste gjin kado’s woe, mar jild ynsammele foar in kreamklinyk yn Afrika.
Dizze kear giet it om it Pindakaasprojekt, dat memmen traint om fan sels ferboude pinda’s nútsjesmoar te meitsjen, sadat de beukers minder iensidich ite en dêrtroch minder gau siik wurde. Dochter fiert mei har yogasintrum BALA Wergea aksjes, myn bernsbern (8 en 10) spanne har op skoalle yn. Foar it ynsammele jild keapje se aanst yn it lân sels sied, lânboumateriaal en edukaasjespullen.
Dat wy ha se ferline wike op it fleantúch setten, ik mei de senuwen yn it liif, mar mei in bliere en stimulearjende glim om de mûle. Dêr gongen se troch de kontrôle, myn harterkes. Alle trije in rêchsek om, alle trije in grutte koffer mei klean foar de berntsjes fan de klinyk.
En no sit ik trije kear deis op Facebook te loeren om te sjen oft der nijs is. En ferdomd, dêr sitte se yn harren simmerske jurkjes pinda’s te sortearjen. It meast spektakulêr binne de foto’s fan de yoga-oefeningen dy’t myn dochter oer de Oegandesen útstoart, om te ûntspannen nei in swiere dei op it lân. Wyt en swart, yn alle mooglike hâldingen, big smile om de snút. En dêr… Fardau op in matsje, tegearre mei in tin swart famke Unbefongen sjogge se elkoar yn ‘e eagen. Grutsk dat ik bin! Dat flikt se dochs mar, dy dochter fan ús.
Hjoed binne se meiinoar in húske oan it wytfervjen, foar de fêste meiwurkers fan it projekt, en wat my dan wer troch de holle sjit is: tink om ‘e klean! Foto’s fan bêden mei sike berntsje komme foarby, en gelokkich, moarns dogge de famkes in spultsje, mei in stik bôle mei hagelslag yn ‘e hân. Wat in gelok dat der Ynternet is. Miskien dochs minder rimboe yn Oeganda as dat ik tocht?
As jo dit stikje út ha, binne se hooplik sûn en wol werom. Want myn pine-yn-’t liif hâldt oan. Bala goes Oeganda is prachtich, mar Bala goes wer Fryslân noch folle moaier.

' '