INTERVIEW LC

 

Yn hert en holle dat skrinende gemis (klik hier voor tekst met foto’s.)

  • 9 september Sietse de Vries

De skriuwsters Marga Claus en Aggie van der Meer ferlearen yn 2011 koart nei elkoar harren man. De brieven dy’t se elkoar it jier dêrnei skreaunen, komme ûnder de titel Neiskrift út as kadoboek by Swalk, de jierlikse propaganda-aksje foar it Fryske boek.

Herman, dy’t al hast tsien jier de sykte fan Alzheimer hie, soe der as earste by weifalle. Dêr hiene Aggie, Marga en har man Hans noait oan twifele. Hans en Marga hiene sels al ôfpraat dat se Aggie, as Herman der net mear wie, ris meinimme soene nei harren favorite fakânsjeoard Flylân: koe se wat bekomme fan al dy jierren mantelsoarch.

It kaam oars. Yn de hjerst fan 2010 wiisde in ûndersyk út dat Hans Claus kanker oan de terms hie. Al gau waard dúdlik dat der gjin rêden oan wie. Yn april 2011 ferstoar er op 58-jierrige leeftyd thús yn Easterein. Soan Sicco belle Aggie van der Meer en fertelde it nijs. ,,Aggie begûn te gûlen’’, fertelde er syn mem letter. ,,Dat fûn ik de iennichste passende reaksje.’’

Fiif wike letter belle Aggie van der Meer – mei de har typearjende kombinaasje fan nofterens en emosjonaliteit – Marga Claus. Se sei rjochtút: ,,Marga, Herman is dea.’’ Dêrmei begûn ek foar har in perioade fan rou, mar dan wol ien dêr’t se har al tsien jier op taret hie.

Freonskip

De freonskip tusken de beide skriuwsters wie in oantal jierren earder ûntstien. Marga Claus: ,,Ik hold in lêzing yn Boalsert oer myn boek De heit fan Serafyn. Se siet op de earste rige, ik seach har daliks. Ik tocht: dêr hast dy krityske Aggie van der Meer ek. In pear dagen letter krige ik in kaartsje fan har: se woe wolris mei my prate.’’

Aggie van der Meer reizge mei de bus fan Boalsert nei Wommels en waard dêr oppikt troch Marga Claus. De froulju leine elkoar. Mar dat net allinne. Hans lei Aggie ek, Herman lei Marga en de beide manlju leine elkoar ek. It wie it begjin fan in moaie freonskip.

It tafal woe dat Hans en Marga op it punt stiene om ta te treden ta de roomske tsjerke, wylst Herman en Aggie – dy’t altyd roomsk west hiene – de earste stappen op it paad de tsjerke út krekt set hiene. Stof genôch dus om oer te praten.

Michael Jackson

Fol bewûndering seagen Hans en Marga hoe’t Aggie hast tsien jier lang de soarch foar har demintearjende man op har naam. Hoe’t se eins noait fuort koe, hoe’t se der hast altyd foar har man wie.

Aggie van der Meer is de earste om dat te relativearjen. ,,Wy hawwe net tsien minne jierren hân. Wy hawwe oant it lêst ek wille hân en mei elkoar lake.’’

Herman – dy’t jierrenlang in hoveniersbedriuw hie yn Boalsert – hie altyd in fleurich man west mei gefoel foar humor. De fleur gie der troch de sykte hieltyd mear ôf, mar syn gefoel foar humor ferlear er net. Yn syn heldere mominten hat er hiel lang noch om syn eigen brike setten laitsje kind.

Aggie van der Meer: ,,Ik wit noch dat wy nei de betinkingstsjinst fan Michael Jackson sieten te sjen. Freget Herman: ‘Hasto hjir ek in taak?’ En eefkes letter: ‘Kinne wy der yn dizze klean sa wol bysitte?’ As ik him dat letter fertelde, lake er om himsels.’’

Aggie seach fan har kant dat de lêste reis fan Hans folle hurder gie as dy fan har Herman. Om’t se hast net by Herman wei koe, hat se yn dy lêste moannen mar in pear kear yn Easterein west. ,,De lêste kear wie in pear wike foar syn dea. Ik wit noch dat wy elkoar yn de keuken oankrûpt ha en dat ik sei: ‘Ik hâld fan dy’. En dat Hans sei: ‘Ik hâld ek fan dy’. Dat wie mienens, it kaam út ‘e grûn fan ús hert.’’

Gaos yn ’e holle

In pear wike nei Hans syn ferstjerren stelde Marga oan Aggie foar om in briefwiksel te begjinnen. ,,Wêrom? Op papier kinst op in rêstiger manier omgean mei wat der yn sa’n perioade allegear troch dy hinne giet. Skriuwe jout rêst. Wat ik ek wol nijsgjirrich fûn, is dat Aggie fan in oare generaasje is. Se koe myn mem wêze.’’

Folle letter pas ûntstie it idee om de brieven geskikt te meitsjen foar publikaasje en se in plakje te jaan yn in lange tradysje fan brieveboeken.

Aggie twifele yn earste ynstânsje oer de briefwiksel. Se fûn it goed dat Marga har in earste brief stjoerde, dêrnei soe se wol sjen wat se die. Aggie: ,,Doe’t ik dy brief lies, tocht ik: dit moat altyd wêze. It is in goede manier om de gaos yn ‘e holle te strukturearjen.’’

Se praten ôf dat se net allinne skriuwe soene oer wat west hie, dat se net yn it rouwen hingjen bliuwe woene. Marga: ,,Wy woene ek nei de takomst sjen, wy moasten fierder mei it libben.’’

Aggie: ,,Wy ha goede herinneringen, wy ha in goede basis. Wy ha beide reden genôch om troch te gean mei it libben.’’

Bern en skriuwen

Bern foarmje sa’n reden. Marga hat der trije, Aggie seis. Like belangryk suver foar de beide froulju wie it skriuwen. Marga: ,,Ik tink dat dat my der foaral trochskuord hat. In pear moanne nei Hans syn ferstjerren bin ik oan in nije roman begûn, Kompleten. Dat wie eins yn opdracht fan Hans. Hy sei: do moatst it libben wer oppakke as ik der net mear bin, do moatst skriuwe.’’

Ek foar Aggie hat it skriuwen holpen om troch te gean. Doe’t Herman noch libbe, gie se alle dagen foardat hy wekker waard fan bêd ôf en makke se in kuier de Gysbert Japicxleane út. Altyd kaam se minsken tsjin, behalve op snein. It brocht har op it idee fan in gedichtesyklus oer de 52 sneinen yn in jier. Dêr is se nei de dea fan Herman fierder mei gien. Doe’t se der 53 hie – se hie har ien ferteld ûntdekte se doe’t it boek al printe wie – binne de fersen bondele ûnder de titel De sneinen, It lân achter it each fan ’e nulle.

Roomske blierens

As skriuwster en as persoan binne de beide froulju amper mei elkoar te ferlykjen. Aggie skriuwt poëtysk, har proaza sit fol fantasij en lit him net altyd yn ien kear begripe. Foardat se skriuwster waard wie Aggie van der Meer ûnder oare warber as fredesaktivist en ek tsjintwurdich makket se har yn ynstjoerde stikken noch geregeld drok oer it miljeu, de flechtlingen en oare maatskiplike fraachstikken.

Marga bliuwt yn har skriuwen tichter by de wurklikheid, hat in soberder styl fan skriuwen. De iene kear portrettearret se in flechtling (Oxzana) of pater (De heit fan Serafyn), oare boeken binne foaral autobiografysk, lykas Lytse do en Kompleten. De brieven yn Neiskrift kinne neffens Marga sjoen wurde as ferfolch op dy lêste roman. De skriuwsters steane elk op har eigen manier yn it libben en dat komt yn Neiskrift moai dúdlik nei foaren.

By Marga lizze de troch it protestantisme ynjûne skuldgefoelens en swiersettings gauris op ’e loer. In pear wike nei Hans syn ferstjerren bedarret se yn Grins. ,,Juster gong ik mei freonen nei de megameubelsaak Ikea. Ien kear earder hie ik dêr west, of leaver hast, want Hans en ik makken rjochtsomkeard doe’t wy binnen wiene. Kinst der wol raar fan wurde, sa’n minsken en sa’n spullen. Ik bin der juster mei twa lampkes mar net better weikommen. Yn Afrika stjerre miljoenen minsken fan de honger, yn Noarwegen sjit in psychopaat tsientallen jonge talinten ôf en wêr hâldt Marga har mei dwaande? It hûs opknappe en winkelje by Ikea.’’

Aggie van der Meer ferbynt maatskiplik engaazjemint mei Roomske blierens. Wylst Marga de earste moannen foaral boeken lêst oer lotgenoaten en rou, makket Aggie har drok om maatskiplike misstannen en lêst se histoaryske boeken, lykas Het verhaal van een Duitser fan Sebastian Haffner. Dêryn skriuwt Haffner dat in soad minsken Hitler yn 1930 noch gjin fjoerke jaan soene as se him op ’e dyk tsjin kamen, mar dat se in pear jier letter massaal achter him oanrûnen. ,,Untrêstigjend’’,, fynt Aggie.

Om te ferfolgjen mei: ,,Dat silsto ek wol ha: bist hiel bot fersyld yn in wrâld as dy fan Haffner, stapst der sa wer út om mei skoandochter Marja oer it meitsjen fan trompkoeke te praten en witst neat sinfollers te dwaan as mei al dyn gefoelens nei it tsjerkhôf te rinnen.’’

Soargeleazens

Marga tinkt werom oan hoe’t Hans altyd bealge hat om harren mânske tún op oarder te hâlden. ,,Te min ha ik him kompliminten jûn, foar al dat geskrep. Miskien giet dat sa as je al lang byelkoar binne… Ik soe it no oars dwaan.’’

Aggie freget har ôf oft der ek wat goeds oer soksoarte achteleazens te sizze falt. Dat it yn in relaasje ek in teken fan lykwicht en wis wêzen fan elkoars leafde betsjutte kin. ,,Dat it gelok út en troch wat soargeleazens ha kin, salang ’t alles samar wer opflamje kin, der altyd wer romte is foar ferealens en ferrassingen?’’

Beide skriuwsters tinke mei leafde oan harren jierrenlange houlik werom. Aggie van der Meer fielt noch altyd in ‘skrinende ferealens’ as se oan Herman tinkt. Se is no 89, se giet der fanút dat der nei Herman net in nije leafde mear yn har libben komt, al slút se neat út.

Marga (61) hat sûnt in pear jier in nije relaasje, mei in man dy’t syn partner – krekt as sysels – oan kanker ferlern hat. Yn ien fan de lêste brieven skriuwt se: ,,Weromsjend bin ik bêst wol grutsk op ús beiden, hoe’t wy ús it ôfrûne jier der trochhinne slein ha. Dapper trochgeand, mar mei yn hert en holle altyd dat skrinende gemis.’’

 

Titel: Neiskrift.
Skriuwers: Marga Claus en Aggie van der Meer.
Utjouwer: Tresoar.
Yn septimber fergees by it keapjen fan in Frysk boek.

Frysk op toernee

Swalk begjint freed mei it jierlikse Boekefeest. Dêr ek is de presintaasje fan Neiskrift. Oant en mei 18 septimber wurde rûnom yn de provinsje literêr/muzikale spektakels holden mei ûnder oaren Marga Claus, Aggie van der Meer, Arjan Hut, Hylke Speerstra en de band Wiebe. Wapper, it aksjeboek foar bern fan Yke Reeder, is yn septimber te keap foar 4,95 euro.

NEISKRIFT

Boekenweekgeschenk, in het kader van SWALK 2016

Aggie van der Meer (1927) en ik verloren in 2011 met 5 weken tussentijd beide onze partner. We maakten de afspraak om elkaar een jaar lang brieven te schrijven, over het gemis en over hoe wij probeerden de draad weer op te pakken. Zo liggen hier 32 brieven,  de laatste twee zijn geschreven in december 2015, vier jaar na de ingrijpende gebeurtenis. We zijn dan beide in een andere fase van ons leven gekomen. De brieven gaan over rouw en verlies, vriendschap en liefde, gemis en verwondering. Over moed ook, die nodig is om van een totaal veranderd leven toch weer iets goed te maken.

‘Brieven kunnen ons leven vergroten. Ze brengen motieven aan het licht en verdiepen het onderlinge begrip. (…) Ze veranderen levens en herschrijven de geschiedenis. (citaat uit Ode aan de brief – Simon Garfield (2015)

Juryverslag Rely Jorritsmaprijs 2016

Fyftich jier lyn skreau ik as tsien-jierrich famke it ferhaal De droom van Jantje. Ik fûn it sels in tige slagge ferhaal en stjoerde it as in Virginia Woolf yn spé op nei de Libelle, yn spanning wachtsjend op in fêst kontrakt. Ik krige in freonlik, mar foaral taktfol bryfke werom fan de redaksje. Wat heb jij een mooi verhaal geschreven, zeg! Spitich, it wie net goed genôch om pleatst te wurden, mar ik moast foaral trochgean, want der wachte my fansels in ‘grootse toekomst’ – yn de foarm fan nominaasjes op longlisten en sa…

Gelokkich stiicht it nivo fan de ynstjoeringen yn it jubeljier fan de Rely Jorritsmappriis fier út boppe myn Dream fan lytse Jan. De oprop dy’t sawol Eeltsje Hettinga as Pieter de Groot it ôfrûne jier diene, hat fertuten dien. Oft der wer âld-winners of betûfte dichters of skriuwers by sieten… wy wisten it dyn sneontemiddei yn juny net, want gelokkich is dêr dy ferneamde Rely-anonimiteit en koene wy ‘objektyf’ oan de slach.
No is objektivititeit fansels in relatyf begrip. Want wat as in jurylid fan hynders hâld… stiicht dan de kâns fan in ferhaal dat dêroer giet? En as in oar jurylid de styl fan in kollega mient te werkennen, lizze wy sa’n ynstjoering dan oan kant om alle skyn fan in ynsestueuze binde – sa’t Eeltsje de Fryske literêre wrâld sa fleurich omskriuwt – foar te wêzen?
Persoanlike foarkar en referinsjes binne net te ûnderfangen. Wy foarmen ús sa goed mooglik in miening oer orizjinaliteit, styl, struktuer en taalgebrûk, en moasten by mieningsferskil om bar ris in fear litte. Wêr’t wy lykwols folslein ienriedich oer wiene, en dat sis ik nochris mei klam: it nivo is dit jier dusdanich heech, dat wy fizioenen hiene fan mear-as-twa-kear-fiif-prizen-takenne. Mar ja, tusken dream en Relyútrikking stiet it reglemint én it praktyske beswier dat de útrikking dan in hiel wykein yn beslach nimt, dat wy ha derfan ôfsjoen. Lit it foar de oare ynstjoerders yn alle gefallen in stimulearjend berjocht wêze. Meardere ferhalen en ferzen dy’t net bekroane binne, binne grif geschikt om publisearre te wurden. De sjuery ropt de auteurs dan ek op om harren skriuwsels op te stjoeren nei ien fan de literêre tydskriften te stjoeren.

Dan no nei de titels dy’t yn oanmerking komme foar in stikje Relyerfskip. Hoewol’t literatuer eins gjin wedstryd wêze mei, sa’t Ilja Pfeijffer ferline jier by de útrikking fan de Libris Priis sei, is it ferrekte aardich as je by de winners sitte. Sawol eare as prizejild binne meinommen. Dat der sa’n ferskil sit tusken de poëzij- en de proazapriis, dêr soene wy it ris oer ha moatte, mar dat dogge wy no fansels net.

54 ferzen dit jier, wêrfan we dalik 10 oan kant lizze koene, om’t se net yn it Frysk skreaun binne, en om’t it om meardere ynstjoerings fan deselde persoan giet. Ja, ek út anonime ynstjoeringen kinst soks opmeitsje. Noch 44 oer, dêr’t Ulke, Jacobus en ik foar ússels de 10 bêste of moaiste fan útsocht ha. En sa komt der yn Grandkafee Wouters unanym út de bus:
In wykein as dit fan Janneke Spoelstra. Oer in jonge fan 17 dy’t ferûngelokket en hoe’t syn maten dat ferwurkje. It rekket ús, de koarte stjitterige taal, der’t gjin sin fan ôfmakke is, sa’t ek it libben fan de jonge ûnfoltôge is. Want: santjin jier – wat is dat – no – noch. Moai yn syn ienfâld, mei in emoasje dy’t nearne sentimenteel wurdt. De ferbjustering klinkt troch yn it hiele fers.
De oare fjouwer bekroande gedichten moatte it mei ien stim minder dwaan, mar binne yn syn soart fan deselde kwaliteit.
Wûnderdokter, fan Auck Peanstra, oer ien dy’t in slimme sykte oerwûn hat en sa útstel krigen hat fan it kâlde grêf. In yntelligint fees fûnen wy, fan in persoan dy’t doel hat oer it tema. Yn dit gefal is dat faaks in bitter foarrjocht.
Geane wy nei It geheim fan de âlde bern, fan Akke Brouwer. Oer de âlderdom, ôftakeling en it noch tegearre wêzen. Do sjochst sa goed net mear, myn rinnen wurdt wat minder. Moaie taal, orizjinele bylden en in hechte struktuer.
Dan ha wy it fers Kom der noch mar ris om; in ûnbedoarne prins op in kleurfêst wyt hynder, fan Edwin de Groot. Ja, sa site je yn de sjuery, en a meest wer mediaan. Aparte titel hast bezocht, mar hoe vaker wy him liezen hoe logysker er waard. Yn fjouwer anekdoatyske strofen jout Edwin oan dat in bytsje mystearje miskien wol goed is foar in mins. Hy dichtet: elk jier drage wy it relikwy – (…) yn prosesje troch it doarp – ek al witte wy allegear fan de tomme – fan Jehannes Houtsma de needslachter – yn in gouden doaske
En dan neam ik as lêste fan dizze 5 ûnfergelykbere bekroaningen: De stêd, in sang, fan Ate Grypstra. In boartlik en dochs ynkringend byld fan wat stêd sa troch de seizoenen hinne wêze kin: skientme en ferfal, fan ynwâlde kauwgum oant blomkebrechjes en glimmergrêften ta. Moaie bylden wer, yn ferhalende taal opskreaun.

Dan it proaza. Ast in oar syn skriuwprodukten ûnder eagen krijst realisearrest dy wer dat skriuwen en dichtsen echt in fak is. Wy binne fan alles tsjinkommen: in mop op in heale A4, in ferslach fan in reis, in synopsis foar in roman, en kompleet ynbûne masterwurken mei it maksimum tal wurden. Guon ha har ferhaal yn in mega-lettertype ôfdrukt, dat fult wat op. De sjuery is lykas it byld fan Us Mem wol de sechstich foarby, mar fansels net steksjoch.
Mei’t skriuwe oer gelok amper foarkomt, wie der wer in soad moai foarmjûn leed om troch te lêzen. 24 ferhalen, dat koste wol wat maaitiidsjûnen… It smyt trije kear in unaniem kar op. Jaja, it giet as it slydjaget dêr yn Kafee Wouters, hoewol’t der op twa ferhalen noch flink wat ôfstind en prottele wurdt. Wat twa prachtich fine, dêr fynt de tredde spitich genôch gjin sek oan. Mar we komme der út!

Superjûn, fan Gerrit Hoekstra. Oer twa freondinnen, wêrfan de iene mei in mislike streek de potensjele date fan de oare ôfpikt. Twa ferhaallinen dy’t fernimstich nei elkoar tarinne, en in ferrassende plot. De spanning bliuwt oant de ein ta yn takt. Hiel knap skreaun.
Dan In stjer, in planeet, fan Koos Riemersma. Hjir siket de haadpersoan nei de dea fan in geheime leafde (of is it freonskip?) it plakje op dêr’t sy der in ein oan makke hat. Spitich dat der in pear net hiel oannimlike feiten yn de tekst steane, mar fierder in prima ferhaal.
Komme wy by Oer it hynder, fan Baukje Zijlstra. Dêr hast him al. Wy fertelle net wa fan ús der benammen wat mei hat fansels, mar de Tsjech mei syn hynders hat de finish helle. Moai ferhaal, mei in slot dat dochs wat dizenich bliuwt. Je kinne ek tefolle ynterpretaasje by de lêzer dellizze. Oandachtspuntsje foar de skriuwster miskien.
Komme wy by Monolooch út it pakhûs, fan Eppie Dam. Dy monolooch komt fan God fanút sync himelpakhûs, ûntdekt de lêzer nei in skoftke. Dy oertinkt alle misferstannen dy’t der oer him besteane en komt ta de konkúzje dat de gaos fan it oerbegjin op ‘e nij hearsket op ierde. Net allinnich ûnder de minsken mar ek yn syn eigen holle. Tige oarspronkelik idee, moaie taal, geve styl, wat wy mei plezier beleanje mei in priis, al lei ien fan de sjueryleden wer even gefaarlik dwers.
Sa ek mei it lêste ferhaal: Hûnen fan Jelle Bangma, in surrealistyske fertelling oer in man dy’t sa mâl mei syn hûnen is, dat er by eintsje beslút yn ien feroaret. Benammen de hechte komposysje falt op yn dit ferhaal en de naadleaze oergong fan minske nei hûn. Earlik sein ha ik nei it lêzen in minne nacht hân, wat ransels in grut komplimint is foar de skriuwer.

Dat wie it, en langer wol ik it net meitsje. It soe moai wêze as jim sels de fersen en ferhalen lêze. De sjuery hat dat yn elk gefal mei in protte nocht dien. Foar my wie dit it lêste jier, mei tank oan Jaap Krol, Edwin de Groot, Ulke Brolsma en Jacobus Smink foar de noflike gearwurking. Ik hoopje fansels dat it bestjoer wat docht om wer in frou yn de sjuery te freegjen en jou it foarsittersstokje mei fertrouwen oer oan Ulke. Tankewol.

Easterein, 3 oktober 2016, Marga Claus

En Durk, hij ploegde voort.

It skynt dat in lêzer anno hjoed mei ien nûmer fan de New York Times mear ynformaasje te ferwurkjen krijt as in 16de iuwer yn syn hiele libben, lês ik yn ien fan de grutte kranten. It sitaat komt my ûnder eagen as ik de fraach taspile krij ‘wat hasto as jongere proazaïst mei it wurk fan Durk van der Ploeg?’ Lees verder